SDS League: Mark pakt wykpriis!

Weppers woansdei 25-2
24 februari 2009
Alde alvetalfoto’s
25 februari 2009

Yn de earste helte fan de SDS League wie der in promininte rol weilein foar spilers út de A-seleksje. Sa wûn b.f. Jaap Toering it klassemint. No dogge op ‘e nij inkelde spilers it net sa gek. “Tsjeard” (Halbie pakt kreas in (dield) 2e plak en it is dizze wike Mark Postma dy ’t de wykpriis pakt.

De trainer fan de A-seleksje, Dick Schuurman, is wat minder bliid. As wy Mark wienen dan dien wy moarn op trainen de “scheenbeschermers om”, want Dick hie ien puntsje minder as Mark…….


Grut feest nei bekendmakking wykrpiis Mark Postma.

Wy mochten nea klikke, mar by dit team dogge se dat wol. “It klikt wol” fan Aant Hofstra pakt brutaal it 1e plak mei mar leafst 5 punten foarsprong op de nûmers 2.

De iene Sjinees is dúdlik de oare net. Jierren spile “Jan Bami”(Marcel Frankena) mei foar Jan mei in noch koartere efternamme. No is it “El-Jan-Nasi”(Jan Stenekes) dy ’t it 2e plakje opeasket. Nei SDS 3 hat Jan ek hjir de wyn der dus aardich ûnder.

Op plak 63 stiet Eeltsje Postma mei “Feuerrrrrrrrrr”. Om wat mear fjoer yn syn team te krijen hjir syn 11 spilers:
Ten Rouwelaar(NAC), Marcellis(PSV), Granqvist(GRO), Schut(UTR), Swinkels(WII), Schaars(AZ), Fer(FEY), Schöne(NEC), Sulejmani(AJA), Beerens(HEE) en Arnautovic(TWE).

As it treft geane de Hajé Flyers nei de finale fan de play-offs en dan is der gjin romte yn Thialf. De “Flyers”(Tamme de Boer) litte dêrom lyk de kop hingje en nimme it lêste plak oer fan “Soks”(Richt Folkerts)

Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 2.