Weppers tongersdei 24-7

Weppers woansdei 23-7
22 juli 2008
Weppers freed 25-7
24 juli 2008

WK
Wannear? Jûn
Hoe let? 19.30
Wêr? Skopfjild Wommels
Waarm? Wetter meinimme

Op syk nei….
De fuotbaljende
froulju binne noch altiten op syk nei in oantal froulju dy’t ek graach fuotbalje wolle. Der binne no 17, mar dat is wat te min. At jim dus noch wat froulju witte dy’t noch twifelje….

Op syk nei…..
Dy selde froulju sykje noch altiten in lieder en in flagger. Dus wa’t sneons mei dizze froulju op stap wol, kin him of har melde bij Anke van Asselt.

Utspraak
Sommige sporters kinne gelokkich harren eigen prestaasjes goed
relativeare. Sjoerd Hamburger, de roeier seit bijgelyks oer it feit dat minsken bij him opsjogge:
“Ik kan niet beter roeien dan iemand anders kan breien, het verschil is dat ik naar de Olymische spelen ga.”

Moerasfuotbal
Yn Finlân is it moerasfuotbal tige populair. Yn it Finske doarp Hyrynsalmi komme alle jierren teams út de hiele wrâld om te striden tidens it WK dêr.
Wij sochten wat oare bylden en binne noch net gelyk entoesjast.