Weppers woansdei 23-3

Weppers tiisdei 22-3
21 maart 2011
Weppers tongersdei 24-3
23 maart 2011

SDS 3 wint yn Starum
Justerjûn ha de mannen fan SDS 3 in ynhelwedstryd tsjin QVC 2 spile.
Nei in matige start en in 1-0 efterstân stie it mei de rêst 1-2 troch in strafskop fan Dirk-Yde en in goal fan Sytze.
Yn de 2e helte wie it spul in stikken better en dit resultearre al gau yn de 1-3 (prachtige goal fan Arjen) en de 1-4 fan Sytze (hearlike goal nei in sublyme assist fan Dirk-Yde.
Yn de lêste minuten koenen de Starumers noch ien kear wat werom dwaan en sa kaam de utslach op 2-4. 
Forza SDS3!!!

C1 gjin trainen
De training van a.s. donderdag gaat niet door. Zaterdag 26 maart hebben de jongens ook vrij dit in verband met het uitvallen van Mulier. De eerst volgende wedstijd is op 2 april uit tegen Harlingen (inhaal). Informatie hierover volgt. 
Leiders en trainer c1.

Woansdeitejûn sealfuotbaljûn
Jûn steane der twa wedstriden yn de seal op it programma. SDS 1 mei om 20.30 út tsjin Haskerland 1 en SDS 2 om 20.30 thús tsjin Woudsend 1.

Betterskip!
Der wurdt alles oan dien om der foar te soargjen dat SDS 5 wer genôch fuotballers hat om op sneon te fuotbaljen. Sa hat Durk okkema him foarige wike helpe litten oan in hernia. Soe der dit seizoen noch in wedstrydsje meipikke kinne? Yn elts gefal betterskip tawinske!

SDS League
As de SDS League goed meiferhúze wurdt nei de oare kant fan Wommels dan moat it goed komme dat moarn de nijste stân hjir op de webside stiet.

VI-kwis
It is der eins gjin waar foar, mar dizze kwis is dochs alderaardichst.

Harsens derby(432)
“Hé, dat liket Jhonny van de “Burger King” wol”: