Weppers woansdei 23-12

Weppers tiisdei 22-12
21 december 2009
Weppers tongersdei 24-12
23 december 2009

SDS-froulju traine yn de seal
SDS-DA1 hat jûn trainen yn de seal fan 20.30 oan ’t 21.30 fan Tsjipke Okkema. As der froulju fan SDS DA2 binne dy ’t ek graach meidwaan wolle dan binne sy tige wolkom.

Te keap
Hallo,
Ik ben net gestopt met voetballen bij SDS en heb nu nog een trainingspak (maat 176) en een paar voetbalsokken (ca. maat 38) liggen. 
Belangstellenden kunnen mij mailen:
marleen_81@hotmail.com  of bellen: 0652275468
Alvast bedankt,
Groetjes Marleen.

SDS League
1e Krystdei komme wy mei de einstân fan de earste helte fan de SDS League.

Krystfeest
It sil de mannen yn Wommels goed útkomme dat SC Heerenveen – PSV jûn net trochgiet. No kinne sy moai nei it Krystfeest (klik hjir).


Krystsealtoernoai
Kommende moandeitejûn 28 desimber is it kryst-sealtoernoai foar de SDS-froulju. It begjint om 18.30 en duorret oan ’t 22.30.

Moaiste goal
De goal fan Cristiano Ronaldo foar Manchester United tsjin FC Porto is útroppen tot beste goal fan 2009 (klik hjir).

Harsens derby (101)
Keeper Jens Lehman moast foarige wike tidens in fuotbalwedstryd heechnedich út de broek en pisse kreas efter in reklameboerd. Dizze keeper hat sa ’n folle blaas dat hy troch syn knibbels sakket en neat oars kin as dêr syn winterwoartel mar út de broek te heljen om de froast yn de grûn tsjin te gean (klik hjir).

Kreas
Sa ’t wy alris earder seinen is it fuotbaljen yn de Serie A yn Italië net om oan te sjen. De Serie C is leuker om te sjen en ek de Serie B is net gek: