Weppers tiisdei 22-12

Weppers snein 20-12
20 december 2009
Weppers woansdei 23-12
23 december 2009

Gjin KNVB toernooi
It waar en de waarberjochten binne der de oarsaak fan dat it KNVB sealtoernooi foar de jeugd dizze hiele wike ôflast is. Sjoch
hjir foar it berjocht en harkje nei de reportaazje fan Omrop Fryslân.

SDS D1 útskeakele
Zaalvoetbal toernooi  19-12-2009-12-
De D1 heeft zaterdag 19 december een zaal voetbaltoernooi gespeeld het waren wedstrijden van 15 min. De scheidsrechters zaten er met de neus boven op alleen vonden wij dat wat overdreven. Maar de D1 ging met 8 jongens weg: Pieter,Almar , Gerwin , Jos, Gertjan, Frank, Watze-Jacob, en mij. We speelden goeie wedstrijden alleen we maakten niet af waardoor we 3-1 verloren van Zwart-Wit.
3-0 wonnen  van Mulier de beste wedstrijd van ons. 1-0 verloren van jv Bolsward. 2-0 verloren van Lsc D1 en 2-0 verloren van lsc D2.
Gr Habtamu 

De Treffer
De Treffer is al bij Hanzedruk wei, mar jim sille begripe dat it rûnbringen noch net sa maklik is allegear mei de minne paden en diken. Wij tinke dat se de Treffer yn Spannum en Winsum al út ha want sij hawwe him al sûnt sneon of
sneintemiddei yn de bus. De rest folget at it waar it talit.

9 jannewaris
Is in datum om te notearen want dan is de nijjiersresepsje fan SDS. Foarôfgeand is der wer de snertdraaf en rin tocht.

9 jannewaris (2)
Ek op 9 jannewaris binne de finales fan de Midwinterkup. Wij hope fansels dat ien fan de trije teams fan SDS dy sneon meidwaan meie.

Programma SDS 1 winterstop
De lieding fan SDS 1 hat al wer in hiel programma klear foar de winterstop. Oefenwedstriden, trainingen, kompetysjewedstriden en skaadwedstriden. Sjoch hjir foar
it gehiel.

Sniefaaie?
Jongens fan de A-seleksje dy sich ferfele kinne by dhr Nauta een programma oanfreegje!
Groetnis
D
ick Schuurman
Reaksje:
Jimme kinne  allegear wol gean te  sniefaaien op de iisbaan fan Wommels, foarsafier it noch net dien is. (troch in oar dan wol te ferstean)
Dooitze Nauta

De sek krije
De fans fan Ingelske klups witte mei in tapslik lietsje soms al wat der de oare dei barre moat of barren giet. Sa hearden wij sneon “sacked in the morning ” nei al wer in ferlies fan Liverpool
. Earder diene
Arsenal fans dat doe’t sij spilen tsjin New Castle. At it doe útkaam witte wij sa net mar foar Benitez
 wurdt in dreech ferhaal tinke wij.

Harsens derby (100)
Sit dizze man fan Benfica no hinderlijk op de doelline by FC Porto of net? De goal fan Saviola wurdt yn elts gefal takend: