Weppers tongersdei 24-12

Weppers woansdei 23-12
23 december 2009
SDS League: Berrieboys pakke 1e priis!
25 december 2009

De groetnis
Tsjeard en Jannie binne noch altiten yn Australie. Dat kin in foardiel wêze at je fan Kryst hâlde. It is dêr in oere as 8 earder 1ste Krystdei. Sij dogge ús
de groetnis.

Tarieding
Sjoerd de Boer en Teade van Beem of oarsom dy sille nije wike tiisdei meidwaan oan de liftwedstriid. Sij binne dwaande mei de tarissing:
Minsken!
Wy binne goed besich west, dit jier net de oare koppels in skop nei jaan…
It ferhaal fan 2009 ha we
op papier setten, at we ea ris in boek útjouwe dan he we der no wer in haadstik by!
Groetnis Sjoerd en Teade

Seal
De earste teams dy ’t yn 2010 los meie binne SDS 1 en 2 seal. Sy spylje op woansdei 6 jannewaris thús. SDS 1 tsjin Workum 1 en SDS 2 tsjin FFS 2.

Krysttoernoai Frjentsjer
As 2e Krystdei de measte SDS’ers noch op bêd lizze dan binne der ek al guon oan it sealfuotbaljen yn Frjentsjer. Hanzedruk (û.o. Martin, Sicco, Jildert en Sytse) fuotbalje dêr om 9.23 harren earste wedstryd. SDS (û.o. Jaap, Redmer, Erik, Tsjipke, Jelmer en Willem) mei efkes langer lizzen bliuwe. Sy meie om 10.00 los (klik hjir). Fanôf 14.00 binne de finales. De grutte finale is om 15.50.

SDS League
1e Krystdei komme wy mei de einstân fan de earste helte fan de SDS League.

Lotting
SC Heerenveen spilet op sneon 16 jannewaris harren bekerwedstryd tsjin PSV. Mochten se dy winne dan stiet der yn de folgende ronde wer in leuke tsjinstanner te wachtsjen (klik
hjir).

Fuotbalhumor
Dy Ricky van de Bergh mei dan miskien wol in ferfelend fentsje wêze foar in trainer, hy hat wol humor (klik hjir).

Harsens derby (102)
Dit poepke leit ien lei op ‘e tonge: