SDS League: Rakker United pakt wykpriis!

Weppers tiisdei 22-11
21 november 2011
Weppers woansdei 23-11
23 november 2011

It is dizze wike “Rakker United” fan Bram van Beem dy ’t hiel ferrassend de wykpriis pakt. En dat krekt yn it wykein dat hy syn SC Heerenveen-seizoenkaart ynlevere hat en him neffens ús hielendal stoarte soe yn de Ajax-problematyk. Bram hat ús op de ferkearde foet setten en giet blykber hielendal foar de SDS League. Wy binne benijd wat wy noch mear fan him ferwachtsje kinne.
27062011181.jpg
Rakker fynt it allegear wol best

“Algemeen Fons” fan Sjoerd Rispens lûkt him neat fan alle drokte oan stiet ek oan it begjin fan syn 28e jier gewoan boppe-oan yn de SDS League.

De “Elf van Delf” binne wat wikselfallich, mar it begjint derop te lykjen dat de skorsing fan coach Johan Delfsma syn fruchten ôf begjint te smiten. De “Elf” geane fan it 7e nei it 3e plak.

Dy folledige baan fan Sjoerd van Beem giet no al ten koste fan syn team “Polk High”. Hy ferlit de top 10 en giet fan 8 nei 14.  

Der sil in Sinterklazeboat fol mei punten komme moatte foar ’t Bauke Dijkstra ea wer fan it lêste plak ôfkomt mei “W.I.B.D.M.” Ynmiddels is it gat mei de “Jodan Boys” fan Jeroen Brouwer oprûn oan ’t 36 punten.

Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 9.