Weppers woansdei 22-6

EK nei 32 wedstriden
25 juni 2016
Skoare en oersichten nei 36 wedstriden
25 juni 2016

Noch efkes geduld!
De hiele wike sil it haadfjild yn Easterein der noch sa út sjen. Der is noch altiten gjin goedkârd sân en troch de tinte fan de Eastereiner Feesten kin der sawiesa gjin frachtauto’s mei sân by del.
Twa foardielen:
-de mannen fan de Skoalleseize kinnne folop en fertsjinne genietsje fan de Eastereiner Feesten
-der kin mei de feesten Beachfollybald wurde!

Strate
Dit opûnthâld betsjut dat der pas oer sa ’n 2 á 3 wiken rûnom it fjild straten wurde kin. As wy de eksakte datum witte dan sille wy hjir op de webside in oprop dwaan om te helpen.

Trainer SDS Vr.1?
SDS is noch altiten op syk nei in nije trainer foar Vr.1. As jim ien witte dan heare wy it graach. Sjoch hjir foar de fakatuere.

De A’s sille traine
Op 29 juny sil A1 foar it earst traine ûnder lieding fan de nije trainer Meint Hofstra. De jongens fan vv Scharnegoutum dogge dan ek mei. De training begjint om 19.30 oere en nei it trainen is der tiid foar in hapke en in snapke om mekoar better kinnen te leren.

Nije kompetysje-yndielingen
Ek wy binne tige benijd nei de nije kompetysje-yndielingen.De KNVB hat witte litten dat dy fan SDS 1 rûn 2 july bekend makke wurdt. It programma wurdt dan 16 july bekend makke lykas de kompetysje-yndieling fan û.o. SDS 2 en A1.

Alderaardichst!
Wat ús oanbelanget hawwe de Ierse supporters al lang de Europeeske titel fertsjinne. Sjoch hjir al ús 11 goeie redenen.

Harsens derby (1726)
Wylst op it EK op dit momint de beste spilers fan Europa dwaande binne wurdt der yn de 5e-divysje fan Sweden efkes de moaiste goal fan it jier makke…….