Weppers woansdei 22-4

Weppers tiisdei 21-4
21 april 2009
SDS League: Grasvreters pakke wykpriis!
22 april 2009

Skoalfuotbal
Hjoed woansdei is it skoalfuotbaltoernooi fan Hinnaerderaradiel(moai waar!) fanôf 13.00.  Sa’n 200 jeugdfuotballers sille stride om de titel fan Hinaaerderaradiel. Meastal giet it om de fraach: wint Wommels of Easterein?

Skoalfuotbal
Omdat hjoed it skoalfuotbaltoernooi fan Hinnaarderadiel is geane de trainingen fan E1,2,3 en 4 net troch.

SDS-froulju 
De SDS-froulju spylje jûn om 19.00 thús tsjin de froulju fan ONS. Allegear komme dus!

Kom se jûn oanmoedigjen!

Ferslach SDS 3
It is woansdei dus komt it ferslach fan SDS 3 wer fan Sjoerd. Hjoed ris in koart ferslach.

Warkum 2 – SDS 3

3 – 5

 # 3 goals fan ús nije oanwinst Mark.

#  In prachtich útspile goal fan Ralph.

#  In goal fan Peter, dy’t syn wearde mar wer ris ûnderstreke hat.

De SDS3 trein is feilich oankaam. It like betiden wol op de transsiberie – ekspres, mar no kinne we even rêstich boemelje…..

Letter mear.

Groetnis, Sjoerd.

Oefenje
SDS 1 en 2 sille moarn tsjin elkoar oefenje. Beide ploegen wurde om 18.45 yn de boks ferwachte. Wat Klaas oangiet begjint de wedstryd dan om 19.00. Wat Dick oangiet begjint it dan om 19.30. Wy heare fêst noch wol wat de definityfe tiid wurdt. 

Gewoan traine
SDS 3 traint moarn gewoan om 20.00.

SDS League
Jûn hjir de nije stân fan de SDS League op de webside. Wy kinne wol fêst ferklappe dat de winner fan de wykpriis flakby de Postma’s wennet.

A1- ferslach
Klaas hat syn ferslach fan al wer in doelpuntrike wedstriid klear. Jim kinne it
hjir lêze.

Tekene
Bij SDS 5 binne se ek al dwaande mei it nije seizoen. Sneontejûn
tekene Eddy de Boer bij foar noch in seizoen. Assistent lieder Stoffel stoppet der mei en it liket der op dat Aant de assistent wurdt fan Eddy. Hij nimt it oer at Eddy de jûns fan te foaren in gearkomst (mei útrin) hat fan de fûgelwacht en de biljertferiening.
De ferwachting is fierder de seleksje bijelkoar bliuwt

Oare lokaasje
 
Wommels, Hidaard…… SDS 1 is op toernee. Wij hawwe alfêst de folgende lokaasje mar opsocht.

Muzyk(1)

No’t wij it dochs oer Itens hawwe, meitsje wij op fersyk fan Itensers ek wat reklame foar in tige nijsgjirrige jûn.
In prachtich affysje kundigt oan dat der sneontejûn stevige muzyk te harkjen is. In oanrieder soene wij sa sizze.

Muzyk(2)
Foar wa ’t fan wat gangbaardere musyk hâldt kin sneon nei Kafé Bergsma. Dêr spilet de band fan SDS’ter Antsje Stenekes, No Rules.

Ballenjongen
It is fansels net leuk as je mei 2-1 efterstean, mar dat moatte je fansels net ôfreagere op de ballenjongen: