Weppers tiisdei 21-4

SDS 3 op nij 2009-2010!
20 april 2009
Weppers woansdei 22-4
22 april 2009

Gie net troch
Soms krije wij it net foar elkoar om in berjocht op tiid op de side te sette. It wurk sit ek ús wol ris dwers. Sa as dit berjocht, wat helaas te let wie.
Het trainen van de c1 en c2 gaat vanavond niet door.
Zou jij dat even op de web-site van sds willen zetten?
Auke

SDS-froulju 
De SDS-froulju meie woansdeitejûn om 19.00 thús spylje tsjin de froulju fan ONS. Allegear komme dus!
SDS DA1 – ONS Sneek DA3
18.15 oere box
19.00 oere fuotbalje
Leider: Floris Hiemstra
Seleksje: Anke, Anna Marijke, Baukje Wytske, Geertje, Janneke, Margriet, Marije, Marleen, Mette, Nynke, Sieta, Sjoukje, Tarina, Tineke en Wilma.

Ferpleatst

Yn ûnderling oerlis en mei de skiedsrjochter is besletten dat de wedstriid SDS A1 – LSC 1890 A2 ferpleatst wurdt fan 21 april nei 28 april.

Selde tiden (19.00 oer spylje) en selde opset (nei de 9 minútenefkes oefenje). Skiedrjochter Koning sil dan fluitsje.

Beide ferienings krije gjin teams by inoar op 21 april. Takom wike wol (fakânsjewike).

Tige tank allegearre foar de meiwurking. Yn it bysûnder skiedsrjochter Koning.

Groetnis,

Klaas

Net yn Wommels traine, mar …..
SDS 1 traint tiisdeitejûn net yn Wommels, mar yn Hidaard. Dit berjocht krigen wy fan Dick:
We trene moarn net yn Wommels (der wurdt keatst)
mar op ’t fjild fan Hidaard!
Fertrek om 18.50 oere fanof Easterein of 18.55 oanwesich op t fjild!
Oant moarn!
Gr
Dick

Eilân fan Easterein
Foar in bult minsken komt it nuver oer dat SDS 1 jûn yn Hidaard traint. Eins is it hielendal net sa gek op dit froegere “eilân fan Easterein”(klik
hjir).

Musyk nei de lêste thúswedstryd 

Kommende sneon 25 april nei ôfrin fan de wedstriid tsjin Meppel lis der ive muzyk fan trûbadoer Jan Nota. Jan Nota is de Trûbadoer foar gesellige live en sfear muzyk yn under oare fuotbalkantines. Bin jim nyskjirrich dan sneontemiddei allegearre nei de Skoalleseize. 
De aktiviteitenkommisje

Kommoasje?
Der is juster grutte kommoasje ûntstien op de parsekeamer fan it WK ynsake de ferpleatsing van de training van de earste seleksje fan Wommels nei Hidaard. Wij binne frege om hjir dúdlkheid yn te ferskaffen.
It WK distantieert sich fan ienige ynmenging fan it beslût fan de lokaasje fan de training fan it earste. Wol hawwe wij meardere malen contact hân mei de gemeente Littenseradiel en de keatsfereniging om praktische oplossingen te finen fan it fjildgebrûk fan Wommels. De beslissing wa’t net of wol op it fjild mei leit net bij it WK. Ik sil net ûntkennen dat wij ienige ynfloed utoefenje, mar it einbeslút is net oan us besteed.
Ik hoap fia dizze wei de minsken foldwaande ynformeard te hawwen en ik wol iederien dan no ek fersykje om net mear te skiljen/mailen ynsake dit underwerp.
Hoogachtend,
Hendrik Engbrenghof
Statutair algemien directeur WK
Kvk: 3454664455 Gezamelijk/Zelfstandig bevoegd

Skitterend
hspace=0
Klik op de kollum om him lêze te kinnen.

Stundeljende Skot
René van der Gijp is oars net sa ’n “lachebek”, mar hjir koe hy wol bot om gnize. Wy dêrtroch ek wol:



Letter miskien wol mear!