SDS League: Grasvreters pakke wykpriis!

Weppers woansdei 22-4
22 april 2009
Weppers tongersdei 23-4
23 april 2009

Noch krekt foar Volendam – SC Heerenveen hawwe wy efkes tiid fûn om de SDS League op ynternet te setten.

It giet mar goed op de Roede yn Wommels. De Postma’s draaie boppe-yn de SDS League en no pakt Pieter Sytsma mei “De Grasvreters” ek noch de wykpriis. Hy hie mar 42 punten en dat binne mear as de buorjonges fan Postma. 

“De Grasvreters”

De Postma’s hawwe de kopposysje oan elkoar oerdien. Henk stiet no earste en Mark tredde. Dêrtusken wjirmt Paul Reitsma him mei “Biertje Popov?!”

“Team Toering” fan Jaap is dwaande mei in frije fal. Hy sakket no alwer en net sa’n bytsje ek. Hy giet fan 39 nei 63. Wy ferwachtsje dat húsgenoat Sjoerd fan Beem him noch wol ynhellet mei “Kendra+Bundy=Magic!”. Sjoerd stiet 75e.

Wy hawwe alwer in nije nûmer lêst. It is no Bauke Fopma dy ’t mei “de Molshopen” foar de poedelpriis giet.

Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 9.