Weppers woansdei 21-3

Weppers tiisdei 20-3
19 maart 2012
Weppers tongersdei 22-3
21 maart 2012

Sporthal
Neffens ús programma spilet SDS 1 seal jûn yn de Greidhoeke sporthal tsjin Cambuur futsal 3. It spektakel begjin om 20.30 oere. Kom op tiid want fol is fol.

Nije stannen
Wy krije wat it idee dat it mei de SDS-teams wat better giet nei it winterskoft. As dit echt sa is kinne jim sjen oan de nijste stannen.

85
Der binne wat jierdeis oangiet bazen boppe bazen. Sa as Oebele de Boer. Hij is juster 85 wurden. Wij hope him noch hiel faak tsjin te kommen op it fytspaad tusken Easterein en Wommels en fansels op syn fêste stekje bij it fjild. (it Oebele de Boerhoekje)

55-20-8
Dat binne de trije leeftiden fan de jierdeifierders fan hjoed. Baukje de Jong, Ayanle Ismael Barkat en Niels Janssen fan herte lokwinske.

SDS League
Moarn kinne jim hjir de nijste stân fan de SDS League wer ferwachtsje.

Foarferkeap
Aaipop bestiet 25 jier. Dat wurdt op 9 april grut fierd. Mei 25 artysten út binnen- en binnenlân. Fan de Hûnekop oant Gryt Wiersma, fan Piter Wilkens oant Sebeare en fan Frysellica oant Stiet as Quo. De foarferkeap is begong.

Gelok
Jûn moat SC Heerenveen tsjin PSV foar de beker. Fansels hat Heerenveen-supporter fan it earste oere Sjoerd van Beem al in skoft syn kaart yn de hûs. Dochs kneep hy him al wat. Hy hat eins jûn in ferplichte kursusjûn fan skoalle mei as sprekker (Feyenoord-supporter) Ate Feike de Boer. Sjoerd woe syn kaart net fuortjaan, want hoopte dochs op ien of oare manier ûnder de kursus út te kinnen. Hjoed kinne wy melde dat it him slagge is. Wat hy eksakt by Ate troch de sop smiten hat witte wy net, mar Ate leit al in wike op bêd mei in kielûntsteking en in middenear-ûntsteking. De kursus giet jûn dus net troch…….

Harsens derby (716)
Nei net takinde goals fan Milan tsjin Juventus, de sealfuotballers fan SWZ tsjin SDS en QPR tsjin Bolton wurdt it heech tiid foar in kamera yn de goal: