Weppers tiisdei 20-3

Weppers moandei 19-3
18 maart 2012
Weppers woansdei 21-3
20 maart 2012

Fan herte lokwinske!
Fanôf hjoed kin Anne Brouwer syn AOW ophelje. Hy wurdt hjoed namelijk 65 jier. Fan herte lokwinske!

“Ja, skeids, jo kin it wol net leauwe, mar it is wier, ik wurd hjoed 65 jier”

Ek fan herte lokwinske!
Skriuwster fan it jeugdbestjoer Gida Heerma is hjoed ek jierdei. Fan herte lokwinske!

“Dat “kadootsje” lofts op de foto hat Gida earder alris op ‘e jierdei krigen”

Moch mear fan herte lokwinske
Martijn Rispens (SDS 4), Jildou Siesling (MD1 of Da2) en Peter Hoogerwerf (D2) fiere hjoed ek harren jierdei. Sij wurde 23, 14 en 12 jier

Doelpunten
Dit wykein mochten wij wer wat doelpunten bijskriuwe op de doelpuntenlist fan 2011-2012. Opfallende stiger is Pieter Kamstra. Mei syn trije doelpunten sit hij hiel ticht tsjin de top oan.
Ek moai is fansels dat Jan Simon Jelsma no al op twa doelpunten stiet. Koe hij der bij it earste doelpunt net sa folle oandwaan (syn eigen wurden) de twadde siet der lekker yn.

Ferkearde foet
SDS 2 skoarde sneon 3 kear. Wij hawwe begrepen dat it bij alle doelpuntenmakkers mei de ferkearde foet wie. At se kommende wedstriden harren beste poatsje foar sette kin it allegear noch goed komme.

Slotjûn jeugd
Jim kinne wol fêst yn jim aginda sette dat de slotjûn foar de jeugd dit jier op freed 25 maaie is.

Harsens derby (715)
Dit is net sa handich: