Weppers tongersdei 22-3

Weppers woansdei 21-3
20 maart 2012
SDS League: "Sytycops" bliuwe oan kop!
22 maart 2012

Winne

Soms is it goed om de jeugd foar in winstpartij op de training te beleanen. De wurden “de winners fan it partijtsje komme moarn op de webside” wie genôch om der in moaie partij fan te meitsjen. Acht doelpunten makken se mar leafst en dan mei it sjurtsje best efkes út foar de foto: Steven, Sjoerd en Mark fan E1.

Efkes Balje
Freedtejûn is it wer sa fier. Foar de tredde kear Efkes Balje foar de leafhawwer dy’t sneons net kin of wol.

Fluitsje
De oprop om fluiters foar sneon foar de wedstriden fan F3 en F4 hat fertúten dien. Floris Hiemstra sil sneon de F4 fluitsje en Dirk de Jong de F3. Super!

Jierdei
Susanne Witteveen hat hjoed har jierdei, Sij fuotballet yn Da2 en sij soe sneon mei nû 30 spylje kinne.

Drok?
Juster by SC Heerenveen yn it Abe-Lenstrastadion like it noch drokker dan oasr by útferkochte wedstriden. Mei nammen yn it steanfak wie it drok. Dochs is it noch neat as yn it ferline by b.f. Wolverhampten Wanderers op Molineux op de South Bank II.

Je sille mar pisje moatte…….

Harsens derby (717)
Wy witte noch net wat de sealfuotballers fan SDS juster dien hawwe. Wêr wy al sa goed as wis fan binne is dat dit Johan Heerma juster fêst net oerkommen is of…….



Letter mear!