Weppers woansdei 21-11

Sealtoernoaien 2013-2014
19 november 2012
SDS League: 2 koprinners en wykpriiswinners!
21 november 2012

Trainer socht
De Da1 wolle jûn wol graach traine. Mar trainer Bote kin net. Is der immen oars dy’t harren wat leare wol?
Graach!
Iets letter:
Trainer is fûn: Remco Bervoets

SDS League
As alles wat meisit dan stiet hjir jûn de nijste stân fan de SDS League.

Twitterje
Ek at je sels net twitterje dan kinne je likegoed noch wol sjen wat er bij SDS twittere wurdt. Klik op de foarside op

Fryskedit teken en sjogge de lêste berjochten dy’t twittere binne oer trocchgean en ôflastingen, oer útslagen en nijs.

Alde doaze
Sa grave wij mar troch yn de âlde doaze en komme telâne yn
1963. In moaie foto allinne al omdat Hendrik Boersma der op stiet, de man dy’t sneontemoarn betiid al nei Easterein fytst om bij de jeugd te sjen.

Doelpunten
It doelpuntenoersicht fan senioaren en froulju stiet meastal bijwurke
op de side. Sa kinne jim sjen de topskoarder fan oan no ta 9 doelpunten makke hat.

Langer wurkje
De kommende tsjientallen jierren sil der langer wurke wurde moatte. Dat sil net meifallen foar elkenien. It soe best wolris sa wêze kinne dat der mear helpmiddels nedich binne om it wurk noch goed dwaan te kinnen. Popko Wijnia is him oan it orientearen. Sjoch hjir.


Sinterklaas(1)
Binne jim der noch net út wat jim op jim ferlanglistje foar Sinterklaas stean hawwe moatte sjoch dan hjir efkes:
Webshop!

Sinterklaas(2)
Wy binne der wis fan dat dit op it ferlanglistje fan Freddy Scheltema stiet foar Sinterklaas:
Liverpool overhemd

Keunstgers
SDS 2 mocht ôfrûne sneon op ‘e nij fuotbalje op keunstgers. No op dat fan de Knickerbockers. It skroeiplak wat 2 wiken werom ûntstie op it kuenstgers fan Zeerobben sit der dus alwer…………

It sil fêst oer wêze foar SDS kuenstgers hat……..

Harsens derby(894)
Eltsenien hat wolris in prachtige goal makke wêrnei ’t je tochten; “wie der no mar in kamera by west”. Dizze jonge hie dat gelok:





Letter mear!