Sealtoernoaien 2013-2014

Weppers tiisdei 20-11
19 november 2012
Weppers woansdei 21-11
20 november 2012

Sealclinics en -toernoaien
Fan ’t winter sil de jeugd fan SDS wer ferskeidene keren in clinic en/of in sealtoernoai hawwe. Ek de senioaren mannen en froulju hawwe wer harren jierlijkse sealtoernoai. Sjoch hjir foar de foarlopige data:

Categorie Evenement Datum
Minileague Clinic 7-12-2013
E-pupillen Kersttoernooi 14-12-2013
Froulju en famkes Kersttoernooi 27-12-2013
F-pupillen Nieuwjaarstoernooi 4-1-2014
Seal frij Mooglik clinic 4-1-2014
B-en C-junioren Nieuwjaarstoernooi 11-1-2014
D-pupillen Nieuwjaarstoernooi 18-1-2014
Senioren+ A-junioren Nieuwjaarstoernooi 25-1-2014
Seal frij Mooglik clinic 1-2-2014
Dizze data steane noch net hielendal fêst, dus wy hâlde in slach om de earm.

OFK
Begjin jannewaris dogge âld-SDS 1(seal) en SDS 1(froulju) mei oan it OFK yn Frjentsjer.

De âld-sealfuotballers fan SDS hawwe dreech lotten foar it OFK yn jannewaris yn Frjentsjer. Sa sitte sy ûnder oaren yn by de winners fan ferline jier Wykels/Hallum(fjild), 1e-Klasser Urk en spylje sy wer in derby tsjin it altiten lestige Easterlittens(seal).
De hiele poule sjocht der foar harren sa út:
Wykels/Hallum(fjild)
VV Noordbergum(fjild)
SV Leovardia(sneins, fjild)
Urk(fjild)
Easterlittens(seal)
SDS (âld-seal)

Ek de froulju fan SDS hawwe net in maklik lot:
MSC(fjild)
Avanti (seal)
VIOD 2 (fjild)
HZVV(seal)
Be Quick Dokkum (fjild)
SDS (fjild)

Hjir kinne jim mear fine oer dit sealtoernoai begjin jannewaris.