SDS League: 2 koprinners en wykpriiswinners!

Weppers woansdei 21-11
20 november 2012
Weppers tongersdei 22-11
21 november 2012

Dizze wike hawwe wy 2 wykpriiswinners. Sawol “De Strubbelingen”(Harry en Bram Strubbe) as “FC Munnaps”(Bote Strikwerda) hawwe 59 punten. Dit binne krekt 2 mear as de “Footfighters” fan Gerrit Flisijn, “Easpanne” fan Minne Bonnema en “Robert en Marc”.

Foar de froulju fan “JorImke”(Jorine & Imke) wie it in minne wike. Sy pakten “mar” 30 punten en sjogge “Balletje, balletje”(Grietzen Broersma) mei boppe-oan kommen. Mei noch 5 wiken te gean hawwe sy no dus likefolle punten.

Miskien wurdt it no dochs noch wat mei “t Het noait wat weest, sil noait wat wurde” fan Pieter Kamstra. Hy pakte mar leafst 56 punten. As hy der echt wat mei opsjit is in twadden. Hy giet fan it 62e nei it 53e plak.

“FC Grasmat” fan Erwin de Boer bliuwt noch altiten stekken op it ûnderste plak.

Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 9.