Weppers woansdei 20-9-2023

SDS-League: De earste wykpriis wurdt dield.
19 september 2023
Weppers freed 22-9-2023
22 september 2023

Earst de bal

Tongersdei 12 oktober is der yn Cultuur Historisch Centrum de Tiid yn Boalsert in nijsgjirrige lêzing mei as titel “Eerst de bal”.
It wurde anekdoates oer de skiednis fan it fuotbal yn Súdwest Fryslân.
De tagong is fergees mar oanmelde is wol needsaaklik. It begjint om 19.30 oere.
Sjoch hjir foar mear ynfo

SDS/Nijland JO17-1

Sneon hiene se harren útwedstriid nei Amelân. It waard 2-2 tsjin Geel Wit JO17-1.
Minne Bouma makke noch wat foto’s en jout oan dat it in topdei wie.

SDS 2 seal

Jûn om 19.55 oere yn Snits spilet SDS 2 seal tsjin ONS 2 seal.

Efkes Balje

It wie wer efkes wennen op it keunstgers. Fan de moaie pôle yn Wommels nei it strakke fjild yn Easterein.
De hurde wyn soarge der foar dat de bal wolris wat te hurd is. Net allinne ik mar ek oaren hawwe de bal it leafst wat yn de foet.
Mei 10 man wer in moai gelykopgeand potsje.
De lêste 5 minuten joech ploechje sûnder hes in demonstraasje hoe’t de ferdigening fan Ajax funktionearret en doe flapten de oaren der gelyk mei 3 doelpunten oerhinne.
Yn de slotpartij wie it op. De bal gie wol hinne en wer mar meast fan tsjinstanner nei tsjinstanner.
Lit ús sizze dat de wurgens tasloech.
De 2 winnende doelpunten waard feroare yn 1 winnend doelpunt.
Uteinlik allegear wer in kear wÛn.
De bui dy’t gelyk nei ôfrin Easterein teistere levere allinne  de fytsers in wiet pak op.
Sûnder hes: Han, Frank, Rudy, Friso en Johan
Mei hes: Wouter, Menno, Folkert Rients, Klaas en Aant

Troud

Lieder en spiler fan SDS 3 Arjan Hallema is ferline wike yn it houliksboatsje stapt mei syn freondinne Jacqueline Buma. Wy winskje harren in hiel soad lok en leafde ta!

Ynstruksjejûn

Foar SDS hawwe Jesse van der Weide en Robin van der Weg oanjûn wol wat kluskes dwaan te wollen om húzen yn Wommels te ferduorsumjen. Jûn sille sy nei in ynstruksjejûn organisearre foar de ‘klussers’ dêr’t ynformaasje jûn wurdt oer opset en wurkwize. Dit begjint om 20.00 oere. Liket it dy ek wat om efentueel sokke kluskes dwaan te wollen dan kinst der altiten efkes sjen. Klups kinne foar eltse klus dy ’t der dien wurdt €50,- fertsjinje. Je kinne der hjir mear oer lêze.

Freedtejûn

Op freedtejûn  giet de 7×7-kompetysje ek wer los. SDS VR1 en SDS 18+ begjinne respektyflik yn Easterlittens en Jirnsum.

Wim Kieft yn it Dielshûs

Earder dit jier stie Johan Derksen yn it Dielshûs mei sidekick Eddy van der Ley. Sneon 9 desimber sil syn maat Wim Kieft yn it Dielshûs komme. Kieft fuotballe û.o. by Ajax, Pisa, Bordeaux en PSV. Hy is noch wol gauris op de tillevysje te sjen. De foarferkeap is al los.

Harsens derby (2186)

Sneon begjint de kompetysje fan de rest fan de senioaren ek wer. dat betsjut dat de ‘fêste’ flaggers ek wer los meie.