SDS-League: De earste wykpriis wurdt dield.

Weppers moandei 18-9-2023
18 september 2023
Weppers woansdei 20-9-2023
20 september 2023

Eindelijk kinne wy dan los mei de earste helte fan de SDS-League seizoen 2023-2024. Mar leafst 70 dielnimmers hawwe de muoite dien om in team gear te stallen. Uteinlik binne der 72 teams dy’t mei dogge om ’t Dirk Stegenga him sa goed fielde dat hy 3 teams makke hat en dat docht lyk fertúten. Dirk pakt mei ‘De Twaalfde man’ 54 punten en hat dêrmei likefolle punten as ‘Brouwerpower’ fan Jelmer Brouwer. Sy meie dêrmei de wykpriis diele.

Sjoerd van Beem begjint mei ‘Aan de kant ik moet naar’t stadion!’ nei alle tefredenheid oan it nije seizoen. Hy stiet mar 50e, mar de flagge hinget dizze wike sawisa út no ’t hy no al 2 punten foar stiet op Jaaps ‘Torpedo Toering’.

By de fam. De Boer giet it hurd om hurd. Teade is oant no ta de winner. Hy stiet mei ‘Better as Ate’ 1 punt boppe ‘Jammer Melle’ fan broer Ate. Soan Melle stiet mei ‘Piep piep omke Ate’ hjir noch wer 2 puntsjes ûnder, mar wy ferwachtsje dat dat nije wike allegear hiel oars is.

De webmaster sûnder burd begjint wol hiel beroerd oan dizze SDS League. Frij fan SDS-bestjoerssaken hat hy alle tiid hân om him goed ta te rieden, mar dat is oan syn earste wike net te sjen. Mei Noppert op goal (6 goals om de earen), Manhoef (reade kaart) en Ruben van Bommel (op de bank) pakt it noch net al te bêst út en pakt hy mei ‘Hey Ho Let’s Go’ foarearst de reade lantearn mei mar 24 punten.

SDS-League-2023-2024-earste-helte-stand-wike-1