SDS siket klussers! De earste is binnen. Wa folget?

Weppers tiisdei 29-8-2023
29 augustus 2023
Sneon 2-9-2023
1 september 2023

It WEK hat ús in skoftke lyn frege as wy as SDS meidwaan wolle oan de aksje Energysúnich Wommels.
De aksje is opset troch de energiecoaches fan de WEK yn gearwurking mei Doarpsbelang Wommels en Elkien.
Mear ynformaasje oer de aksje is te finen op de site fan de WEK, wekwommels.nl.

Op it foarwurk dat dien is binne der sa’n 120 oanfragen  fan ynwenners fan Wommels kommen foar it oanbringen fan lytse energybesparjende maatregels.
De energiecoaches fan de WEK soargje foar in ynvintarisaasje fan it nedige materiaal en foar de bestelling.
Dêrnei komme de frijwilligers yn byld, dy’t yn twatallen de materialen lykas tochtstrips, radiatorfoly en brievebusboarstels oanbringe sille.
Per adres smyt dat € 50 ,-op foar de ferieniging.
Dat like ús wol wat!
Ommers net elk lid of âlder fan ús feriening kin SDS stypje troch bygelyks training te jaan, mar is miskien wol handich mei oare dingen en it kin op eigen tiden.

Op 20 septimber wurdt in ynstruksjejûn organisearre foar de ‘klussers’ dêr’t ynformaasje jûn wurdt oer opset en wurkwize.

Soesto foar SDS kluskes foar it WEK dwaan wolle lit it ús dan witte fia info@vv-sds.nl of sjit ien fan it SDS-bestjoer oan.

Sa helpe je SDS, it WEK, in Wommelser en úteinlik it miljeu om mei te helpen te ferduorsumjen.

Robin van der Weg hat oanjoen beskikber te wêzen.
Wa folget?