Weppers woansdei 20-3

Weppers tiisdei 19-3
18 maart 2013
Ferslach ONT 1 – SDS 1
20 maart 2013

SDS 2 op syk nei in nije trainer
It bestjoer fan SDS is foar SDS 2 op syk nei in nije trainer foar folgend seizoen. SDS 2 spilet yn de Reserve-2e-Klasse. Foar mear ynformaasje kinne jim jim rjochtsje ta
Durk Okkema. Ek tips binne wolkom.

SDS 1 ferliest
SDS 1 hat justerjûn de wichtige degradaasjewedstriid ferlern tsjin ONT. Jelmer Posthumus broch SDS op in 0-1 foarsprong yn de 34 ste minút, mar krekt foar en krekt nei de thee gie it mis. ONT skoarde twa kear.
It bleau ta de ein spannend mar skoard waard der net mear.

Woansdeitejûn sealfuotbaljûn
De sealfuotballers fan SDS meie jûn op ‘e nij fuotbalje yn de Snitser Sporthal. No net tsjin Snits/Wyt-Swart, mar tsjin ONS. De wedstryd begjint om 19.00. In wichtige pot foar SDS, want sy kinne nei in knappe serie yn de top 3 komme.

Alde doaze
Omdat it sa kâld is, omdat it fuotbal bûten dochs neat mear wurdt yn maart lykas it aaisykjen, skarrelje wij
in sealfoto út de âlde doaze.

Harsens derby(983)
As Johan Heerma no jûn yn Snits ris sa ’n ein útsmyt, miskien kin Jappie dan sa skore en kin Wichard nei de tiid Jappie út de tizen helje.