Weppers tiisdei 19-3

Weppers moandei 18-3
17 maart 2013
Weppers woansdei 20-3
19 maart 2013

Seleksje SDS1
De seleksje fan SDS 1 foar jûn stiet bij de weppers fan moandei.

ONT 1 – SDS 1
Jûn om 20.00 kreaket it yn de Pein bij de degradaasjetopper ONT 1- SDS 1. Wa’t der net hinne giet kin der dochs in bytsje bijwêze. Fia de wepside fan ONT is der in plakje foar jim reservearre efter ien fan de doelen. Sa kinne jim de wedstriid gewoan folge.
Klik
hjir foar de wepkem dy’t de fylden streekrjocht sjen lit
Klik
hjir foar de twitterberjochten fan ONT
Klik
hjir foar de twitterberjochten fan SDS, want wij hope fansels op wat twitterjende taskôgers.

Poiesz jeugdsponseraksje
Op dit momint is der in aksje bij Poiesz om klups te stypjen. Under de namme “Poiesz Jeugd aksje” kinne klanten wer sparje foar dukaten. En dizze dukaten leverje oan de ein fan de perioade jild op. SDS docht ek wer mei dit jier. Lês der hjir alles oer.
Kommende sneon sil de SDS-jeugd by de Poiesz yn Skearnegoutum fuotbalje yn in panna-koai. It is fêst de muoite wurdich om hjir dan efkes te sjen.
http://www.poiesz-supermarkten.nl/files/0/6/7/2/JSA_socialmedia_banner.jpg?height=391&width=783

Programma sneon 23 maart
It oanpaste ynhelprogramma(fersje 14.02 oere 19 maart) foar sneon sjocht der sa út:

Tiid Wedstriden  
09:00 SDS D2 – LAC Frisia 1883 D3  
09:00 SDS D3 – Makkum D2  
10:15 SDS D1 – Franeker SC D1  
10:15 SDS MC1 – Robur MC1  
11:30 SDS E4 – SDS E3  
12:00 SDS 5 – Oudehaske 5  
12:30 SDS 3 – NOK 2  
14:30 SDS 2 – Balk 2  
14:30 SDS 1 – CVVO 1  
09:15 Makkum E2 – SDS E3  
10:30 Blauw Wit ’34 B2 – SDS B1  
10:30 Franeker SC C3 – SDS C2  
14:30 CVVO 6 – SDS 4  
     

4 moannen?!
Wat soe it dochs moai wêze as der sneon wer ris fuotballe wurde kin yn Easterein. De lêste kear dat der in folledich programma spile wurden is is op 24 novimber 2012.

Trainerskarousel
De measte trainerswikselingen of ferlingingen fan de amateurklups binne al bekend foar takem jier. Twee Nul hat der in moaie
oersichtelike list fan makke dy’t jim hjir sjen kinne.

Harsens derby(982)
1-0 efter mei noch 2 minuten te gean, dan geane je as keeper fansels mei nei foaren by in korner. Je moatte dan al soargje dat as de tsjinstanner de bal wer hat je sa gau mooglik wer yn je goal steane. De folgende kear dan al efkes de helm mei: