Weppers woansdei 2-9

Weppers tiisdei 1-9
31 augustus 2009
De nije SDS League!!
3 september 2009

Needgjalp
Wij hawwe in tige wichtich fersyk krigen om it neifolgende berjocht op de side te setten.

Willen jullie even op de Hoofdpagina van de SDS site zetten dat de leiders en trainers voor vrijdag  4 september as. 13.00 uur de lijsten met namen inleveren  van het project de Lokale Toppers (de voetbalplaatjes).
Er ligt een dead line en anders kunnen dingen niet meer verwerkt worden!!!! Dit is even heel belangrijk!
Misschien kunnen jullie de coordinatoren en/of trainers/leiders hiervan ook persoonlijk op de hoogte stellen.
Met vriendelijke groet,
Jan Kroese en Johan Dijkstra
(Dit alles giet fia Enne)

SDS A1 bekert
De A’s moatte jûn yn Ljouwert bekerje tsjin Leeuwarden A1. Sy fertrekke om 17.30 út Easterein en moatte om 18.30 fuotbalje.
Durk


SDS 1 nei de folgende ronde
Sa ’t jim juster lêze koenen hat SDS 1 de folgende bekerronde berikt. Siem Sikma skreaun in ferslach fan de wedstryd tsjin Holwert 1. Hy seach in prachtige wedstryd(klik
hjir).

Trene yn Wommels
Moarn trene  we om 19.00 oere yn Wommels.
Dernei hawwe we oanslútend in besprekking yn Easterein (ek foar de geblessearde spilers).
Wy sjogge wol eefkes als der plak is. 
groetnis
Dick

It programma foar kommende sneon
Wij geane der fan út dat de measten it miskien wol witte mar je kinne it programma fan dizze wike en de kommende wike fine bij
de agenda. At je dêr sjogge, dan stiet dêr programma dizze wike en programma folgende wike. Altyd maklik en meastentiids wol goed bij wurke.

Oare tiid
Bij SDS 5 geane se der fanút dat de wedstriid fan kommende sneon tsjin Ouwe Syl om 16.30 is. Dat wie earst ek sa, mar is no wer feroare. It is no 12.30 oere.

Noch wat foto’s fan Skylge

Wij kinne net oeral bij wêze mar it feteranen toernooi op Skylge levert altyd wol aardige plaatsjes op. It is dan ek goed dat ien fan ús meigiet. Sjoch
hjir.

Benaud
Sûnt juster de amateurbylage fan de Ljouwerter Krante útkommen is, docht fersoarger fan SDS 1, Dooitze Nauta, nachts gjin each mear ticht. Hy is deadsbenaud dat hy syn baantsje kwytrekket:
Dick,
Mar gau de foutbal-bylage lêze, net te hoopjen dat de seleksje spilers dit sjogge, dan wolle se gjin fint meer as fersoarger hawwe. Al die froulju, bynammen de blonde op de foarpagina.
2 neidielen:
A: Se komme net meer oan trainen ta, it stiet ien de rij foar de strikerstafel.
B: Se geane yn de wedstryd om de haverklap der by lizzen, om wer in aai mei de wetterspûnze oer de skonken te kryen.
Dn

Fuotbaljen lere
Fannemiddei sille de jongste F’kes ek wer los mei de training. Wy sille sjen as sy fan ’t simmer thús noch wat leard hawwe: