Weppers tiisdei 1-9

Weppers moandei 31-8
30 augustus 2009
Weppers woansdei 2-9
1 september 2009

SDS 1 troch yn de beker
SDS 1 hat justerjûn mei 8-2 fan Holwert wûn. Hjirmei binne sy troch yn de beker. It gie juster sa:
0-1 Tsjipke Klaas Okkema
0-2 Jacob van Wieren
1-2
1-3 Feite de Haan
1-4 Feiko Broersma
1-5 Skelte Anema
1-6 Tsjipke Klaas Okkema
2-6 
2-7 Jacob van Wieren
2-8 Tsjipke Klaas Okkema

Zeerobben A 1 – SDS A1
SDS A1 hat justerjûn nei Harns west. Alteast dat seit it programma fan de KNVB. Wij binne benijd nei de útslach.

Drok
SDS A1 hat dizze wike dochs al in drok programma. Juster tsjin Zeerobben A1, woansdei tsjin Leeuwarden A1  en kommende sneon tsjin Frisia A2.

Traine SDS 4, 5 en 6
SDS 4, 5 en 6 sille fan ‘e wike ek foar it earst wer traine. Sy traine tongersdei om 20.15 yn Easterein. Om ’t sy noch gjin trainer hawwe sil Klaas Okkema dit earst op him nimme. Hy traint dan earst SDS 2 en dêrnei 4, 5 en 6.

Sealfuotbal
Sa te sjen begjint it sealfuotbal hjoed ek wer. Workum 5 tsjin SDS 2 stiet op it programma. Wij hoopje de útslach troch te krijen fan ien fan de spilers. Miskien dat se dêr efkes ofspraken oer meitsje kinne foar de rest fan it seizoen.

Spyldagenkalender
Op de bijienkomst ferline wike foar lieders en trainers fan jeugdteams kaam ek oan de oarder it spylskema.
Dizze link jout it foar dit seizoen oan. Kalender 4 is fan tapassing foar de measte jeugdalvetallen.

Bewarnûmer Treffer
It bewarnûmer fan de Treffer leit op dit momint by de drukker. Wy hoopje dat de Treffer dit wykein by jim yn de bus leit.

Foto’s
Kommende sneon begjint de kompetysje. Wij wolle graach sa gau as mooglik in alvetal of sântalfoto hawwe foar de webside fan alle teams. Wij freegje de lieders om dit sels te regeljen en de foto nei ús te mailen. At der noch in foto fan in spiler mist op de webside dan graach fan dy spiler ek in foto meitsje.
Wij stribje der nei foar 1-10-2009 it byld kompleet te hawwen.

Foto’s
Tidens it feteranentoernooi binne fansels ek foto’s makke. Wij hawwe sels in oantal tapaslike sfearfoto’s makke dy’t letter te sjen binne. Fan grutte kwaliteit binne de foto’s op
Kabelkrant Terschelling.nl. Je moatte it systeem efkes troch hawwe hoe’t it wurket mar dan sjogge je ûnder oaren de reade kaart fan Jappie, de trukkendoas fan Aant, 4 prachtige aksjefoto’s fan Pieter en de geweldige redding fan Marco op de strafskop fan in Mulierspiler (M.B.) En fansels de alvetalfoto en in heile soad aksjefoto’s. (tank foar de tip fan Samme!)’

Yn training

De earste trije nij in lange sprint op de Alde dyk..


De efterfolgers…. 


Justerjûn op it fytspaad en de âlde dyk wie it wiet fan it swit. De froulju fan Da1 hiene in kondysjetraining. Under lieding fan Tsjeard wurdt de kommende trije wiken in flinke basiskondysje delsetten. En tagelyk tinke wij dat de froulju yn training binne foar de snertrin begjin jannewaris 2010.

Seehûn
Ajax hat hjoed noch in pear oankeapen dien. Ien dêrfan is is de Braziliaan Kerlon. Dit kin in attraksje wurde op de Nederlânske fjilden. Hy is mei nammen bekend om syn seehûnedribble: