Weppers woansdei 2-6

Weppers tiisdei 1-6
31 mei 2010
Weppers tongersdei 3-6
3 juni 2010

SDS WK-League
Doch ek mei oan de SDS WK-League. Lês der hjir alles oer. De formulieren kinne je dêr ek fine!!


Kom nei Wommels
Hjoed is der in SC Hearrenfean Clinic yn Wommels. Der sil fêst hiel wat jeugd fan SDS aktyf wêze. En de klup krijt der fêst wer moai wat fans bij. Fanôf 13.00 oere.

Gearkomst lieders/trainers
Justerjûn waard it seizoen fan de jeugdalvetallen fan SDS noch in kear oereide. Der wie in flinke opkomst en oer it algemien wiene der tefreden lûden.

Materiaalman Willem
Willem Twijnstra is al moai lang ferantwurdelik foar it materiaal fan SDS. Per 1 july stoppet hij der mei. Justerjûn wie hij noch in kear goed aktyf om alle spullen wer yn te nimmen fan de lieders/trainers. En dat is in hiel gedoch en in hiele administraasje.

Opfolgers
Der binne foar Willem ek al in oantal nije frijwilligers fûn. Klaas de Haan, Lolke Bouma en Klaas Overal sille de taken wat ferdiele. Klaas Overal wie der juster al om proef te draaien.

Jan Bouke Bouma
Jan Bouke Bouma naam tiisdeitejûn ôfskie as lid fan de jongereinkommisje. Nei goed trije en in heal jier stoppet hij. Jan Bouke wie foaral dwaande mei de toernooien.

SDS 6
Sneon hat SDS 6 it seizoen ôfsluten mei in wedstriid tsjin Ryptsjerk 3. SDS wûn troch doelpunten fan Sytze Kooistra, Jacob van Wieren (3), Arjen Los en Bauke Jan Plantinga. Einstân wie 3-6.

Slagge
5 man fan SDS binne slagge foar pupillentrainer. Bote, Boudewijn, Syb en Jelmer kinne no trainingen jaan op heech nivo.

Harsens derby (223)
Foarige wike woansdei hienen wy it der hjir al oer dat de  Franse bondscoach spilers fan syn te grutte seleksje spilers ôffalle lit troch middel fan in soarte fan natuerlike seleksje nei oanlieding fan dit foarfal. Doe rekke Wiliam Gallas blesseard. No wie it juster Nicolas Anelka dy ’t ûnderút gie by in rûntsje moantainbiken: 
: