Weppers tongersdei 3-6

Weppers woansdei 2-6
1 juni 2010
Weppers freed 4-6
3 juni 2010

Tseard Halbersma nei VVO
Wy melden it fan it wykein al, mar it is no definityf; âld-SDS’er Tseard Halbersma sil it nije seizoen by VV Easterlittens fuotbalje. Dit stie der op de webside fan VVO te lêzen:

Tseard Halbersma komt VVO volgend seizoen versterken
Tseard Halbersma van Kubaard komt volgend seizoen VVO1 versterken. Tseard is op dit moment nog met zijn vriendin op wereldreis. De verwachting is dat hij in september weer terug naar Nederland gaat komen en zodra hij hier alles op “de rit” heeft zal hij het voetbal weer gaan oppakken.
Tseard is de broer van dames-voetbalster Femke Halbersma en speelde hiervoor al jaren in het eerste van SDS.
Tseard welkom bij VVO en heel veel succes gewenst.


Tseard noch yn it sjurt fan SDS

SDS WK-League
Doch ek mei oan de SDS WK-League. Lês der 
hjir alles oer. De formulieren kinne je dêr ek fine!!


Tip
Jûn op Ned. 1 om 21.20 Andere Tijden Sport. Wier de muoite wurdich. Sjoch hjir mar.

Kom nei Wommels fuotbalclinic
De fuotbalclinic juster op de Terp yn Wommels yn it ramt fan “Kom nei Wommels” wie in grut súkses. Mear as 125 bêrn dienen mei oan de clinic fan âld-SC Heerenveenspiler Maarten de Jong. Wy binne benijd as der noch bêrn sa entousiast makke hat dat sy lid wurde fan SDS.
 
De bêrn lústerje oandachtich.

Yn it ferkine mochten wy nea op de bal sitte, want dan waard it in aai. By de nijste trainingsmethoaden is it no al tastien.
Foto’s Henk Bootsma

Gearkomst jeugdtrainers en -leiders
Tiisdeite jûn wie der lieders/trainers gearkomste foar de jeugd. In oantal saken die oan bod west ha:
– Jan Bouke ferlit de JC;

– Willem Twijnstra draacht de materiaal saken oer oan Klaas Overal;
– Suksesfolle slotdei;
– It winterprogramma, kin dit effisjinter brûkt wurde? Kin de tiid tusken 1e en 2e helte fan it seizoen lytser makke wurde troch trainingen of activiteiten?
– Beoardieling fan spilers;
– Suksesfolle dielname oan de kursus pupillen trainer;
Bote Strikwerda, Syb Overal en Boudewijn Kramer slaggen. 

– Keepertraining;
– Hoe en wat oer dispensatie spilers;
Al mei al kinne we werom sjen op in tige slagge 2de helte fan it seizoen! Tige tank foar alle frijwilligers die dit mogelik makke ha!!! Op nei  kommend seizoen!
Groetnis,
Rudy Dijkstra

Strânljip bried wer op ‘e middinstip

Sibe de Seefugel is der net mear , mar wa der wol wer is is ús stranljip. Lykas ferline jier hat er it plak run de middenstip wer opsocht, en in ei lein.

Hy sil wol tocht ha ; it fuotbaljen is gebeurd en no is der wol romte foar my.

No makket hy efkes in tinkfout want it keatsen giet no wol los !!!

Mar Fûgelwacht Easterein ( yn ‘e persoan fan “Knutsel”) en de BFVW ( Marco Hoekstra)sille de kommende dagen it nest eltse kear in stikje ferlizze sadat er net mear midden yn it keatsfjild sit.

We hoopje dat dit slagget en dat er straks lytse stranljipkes binne.

By dizze wol ik wol eltsenien freegje om us strânljip sa folle mooglik mei rêst te litten.
Feike

Sa siet de strânljip der ferline jier by(foto Henk Bootsma)
Letter hjoed krije wy fan “Knutsel” mear nijs oer de strânljip! Sjoch jûn hjir op de webside!

SDS-fuotbalplaatsjes
Renze van der Meulen lit ús witte dat hy drok dwaande is om it SDS-fuotbalplaatsjesalbum fan ferline jier fol te krijen. Wy hawwe him aardich helpe kinnen en hy hoeft no noch mar 2 plaatsjes. It giet om:
A1-17 Arjen Los
en
C1-5 Gosse Vellenga
Wa kin him oan dizze plaatsjes helpe?
Mail nei info@vv-sds.nl.
Mocht der ek noch ien op syk wêze nei in bepaald SDS-fuotbalplaatsje lit it dan efkes witte, want Renze hat in hiel soad SDS-plaatsjes lizzen.

WeromsjenTreffer
Spesjaal foar de WeromsjenTreffer sjogge sa ’t jim sjogge Klaas Okkema, Drees Haitsma en Douwe Durk Reitsma ek werom op it ôfrûne seizoen. Wy soenen it aardich fine as jim dêrfoar in tekst betinke wolle by dizze foto. Mail it nei
DeTreffer@vv-sds.nl.  

Foto Henk Bootsma

Harsens derby (224)
Fansels moat Bert van Marwijk syn kop der goed by hawwe by it gearstellen fan de basisalve nije wike tsjin Denemarken, mar eins is it neat oars dan dat Brouwers -skilders de kop der goed by hawwe moatte by it fervemengen of it ynhuren fan ferveflústerers:


Nijs?
Mail it nei
info@vv-sds.nl!