Weppers tiisdei 1-6

Weppers moandei 31-5
31 mei 2010
Weppers woansdei 2-6
1 juni 2010

Nije Sponser

Het sponsorcontract tussen A.Hak Noord-Oost B.V. en vv SDS is verleden week ondertekend. Vanaf komend seizoen is A.Hak cosponsor van vv-SDS. Directeur Tjeerd Dijkstra en bestuurslid Enne Bruinsma hebben het contract ondertekend. Wilt U weten waar A.Hak voor staat, kijk dan eens op de webside
http://ahakbeheer.nl.

5 tsjin 5
Kommende sneon sil in ploegje SDS’ers yn Koudum meidwaan oan it 5tsjin5-toernoai. Op dizze webside kinne jim alles oer dit toernoai fine. De poule foar SDS sjocht der sa út:

1 Bakhuizen 1
2 VV Warga
3 ONS 1
4 VV Sneek
5 geen ploeg 2
6 Rottevalle 1
7 ONT 3
8 Oeverzwaluwen 1b
9 SDS 1

Regioteam – SC Cambuur
Op sneon 3 july sil in Regioteam it opnimme tsjin SC Cambuur op it fjild fan VV Nijlân. Fan SDS sille Tjipke Okkema en Erik Haitsma meidwaan. De wedstryd begjint om 17.00 oere:
Image

Gjin nijs?
Wichard Deinum frege him juster ôf at it wol in wepper wurdich is om te melden
dat De Jong en Vermaning noch troch gean bij WPB. Wij kinne ús dizze reaksje wol foarstelle want WPB  wie net Wichard syn favorite tsjinstanner.

WK 31 mei 2010

Neidat it WK ôfrune tongersdei ôfblaast wie, wie eltsenien dizze jûn op it skerpst fan it snee. Wat foel der dizze edysje op?

– Bram van B. hat skoart en fierde dit as hie Balkende de ferkiezing wûn

– Sjoerd fon Beim wit wer syn loyaliteit leit

– Tsjipke K.O. seach it ferlies oankommen en stopte healwei de wedstriid foar in fergadering…of wie die no moarn?

– Willem W. stimpelt bij elke tik die der út dielt in strip..en elk WK nimt der in nije strippekaart mei..

– In protte rokers op it WK

– Omdat Jaap T. mear op de grûn lei dan dat der stie sil der woansdei pikel struit wurde op it skopfjild

– Jacob Klaas Haitsma.

– Henkie Henkie is altyd yn foar in goed duel

– Ralph W. wie ôfrune wykein wer op televyzje
– Arjan P. is te leaf
– Wytse L en Jacob von W. hienen de fuotbalsokken by ît griene ûnderguod fan mem yn hân en dat wie te sjen.

– Hendrik E. ynkassearret

Team Swart:

Jaap T., Tsjipke K.O., Jacob Kl. H.,Willem W., Henk P.,  Ralph W.

Team Gekleurd:

Arjan P., Hendrik E., Sjoerd fon Beim, Bram van B., Hjalmar R.,Wietse L. en Jacob von W.

In grillige start fan beide kanten wer mei-ien dúdlik waar dat der net foar de ham and eggs waar foutbalt. Team Swart pakte snel in foarsprong fan 3-1 wêrnei team Gekleurd moast herpakke..dit dine sei mei beide Beems op de flanken wêrby der snel en foaral taktysk sear sterk foutbal spile waard. De efterstân waard dan ek al snel ombôgen yn in 3-5 foarsprong. Der kaam wat in dip yn de wedstriid wer Team Swart harren kâns pakte en it op stân brocht fan 6-6. Tsjipke K.O. wie fourt en waard knap ferfongen troch Bram, dus we gienen mei moai efen teams de winnende goal yn. Spannend wie it seker..mar it wie Team gekleurd die troch út de disipline te fuotbaljen oan it langste ein luts. Wietse L. makket yn syn debuutjier in goeie yndruk en fertsjinne it dan ek om dizze edysje de winnende goal te meitsjen.
Oankommende tongersdei is der gjin WK troch gebrek oan fasiliteiten yn it kader fan oare taferelen. Folgende moandei mei men wer om in oere as 8 oantrede op it skopfjild.

Hoogachtend,

Alg. Stat. Dir. WK Bestjoer

H.K. Engbrenghof

Harsens derby (222)
By Boca-Juniors is it tradysje dat de jeugd dy ’t foar it earst by de A-seleksje traine it hier opleuke wurdt troch de âldere spilers. Fansels moatte je sokke tradysjes yn ere hâlde………..
Boca Juniors haar