Weppers woansdei 2-12

Weppers tiisdei 1-12
1 december 2009
Weppers tongersdei 3-12
2 december 2009

Lotting Midwintercup 2010
De lotting foar de lêste Midwintercup hat moandei west. Hjir de útkomst wat SDS oangiet:

Poule 9        
7 januari 2010
de Trije – Franeker
Wardy
Heerenv. Boys 
Oeverzwaluwen
TFS za.
Minnertsga
SDS za.

Poule 13       
8 januari 2010
de Trije – Franeker
Zwaagwesteinde
LSC 1890
Dronrijp
SDS zaal
ZVF
Golden Oldies

Poule E     
7 januari 2010
de Trije – Franeker 
Balk
Lycurgus
Asser Boys
GAVC
SDS DA
Dronrijp
Sjoch hjir foar de hiele lotting.

SDS 1 seal ferliest krekt
De sealfuotballers fan SDS 1 hawwe moandei krekt mei 2-1 ferlern fan Old Forward 1. SDS die yn Vledder neat ûnder foar de nije nûmer 1 fan de kompetysje. Sy hôlden it oan ’t 3 minuten foar tiid op 1-1. SDS krige dêrnei noch wol kânsen. Sa skeat Feite noch op de latte. Spitich genôch gjin punten dus, mar der waard foar elke meter striden. Sa spile SDS 1 (Jan-Simon, Feite, Tseard, Freek en Anne) sûnder wiksels wêr ’t Old Forward der 3 hienen. Freek makke it ienige doelpunt foar SDS.

Ynhelje
Sneon waarden der bij de jeugd in protte wedstriden ôflast. Dat wie ferfelend wat it wie de lêste wedstryd fan de earste searje wedstriden. Mar gelokkich is der no sneon in lyts ynhelprogramma foar harren. Moai dat se dochs noch los kinne. Sjoch
hjir foar it programma sa’t dat op de KNVB webside stiet.

Trainers/liedersgearkomst
Foar woansdei 9 desimber hat de jeugdkommisje fan SDS wer in trainers/lieders gearkomst útroppen. Der komme wer allegear saken oan de oarder. Wat?  Dat kinne jim
hjir sjen.

Klaas blesseard
Ôfrûne sneon hat SDS 2 op kuenstgêrs traint yn Snits. Trainer Klaas Okkema wie entousiast en trainde efkes mei. Hy hat dit wat te fanatyk dien, want dit levere him úteinlik in fiks dikke knibbel op. Sels sa dat hy juster SDS 2 net traine koe. Wy winskje Klaas betterskip.

SDS-froulju traine binnen
De SDS-froulju traine jûn yn de seal fan 20.30 oan ’t 21.30. Allegear al efkes in eurootsje meinimme.
Woansdei 23 desimber sille de SDS-froulju ek yn de seal traine om deselde tiid.

Foar de gek?
Tiisdeitejûn om in oerke as healve sânen waar der belle. Geert Dijkstra, ambtner bij de Gemeente Wommels, melde him ôf foar de training fan tiisdeitejûn fanwege it feit dat hij moast wurkje……… Sorry Geert, mar wie hâldst do no foar de gek..

Fuotbalhumor
Photo

Harsens derby (91)
Yn Italië seure sy net oer welke sender de fuotbalrjochten hat. As sy de rjochten net hawwe dan sette sy gewoan in kommentator yn de studio dy ’t reageart op de fuotbalbylden dy ’t hy sjocht. Dizze fuotbalkommentator (én Milan-supporter) Tiziano Crudeli ferliest syn holle by it sjen fan de goals fan “Jan-Klaas Hoenteláááááááár” fan ôfrûne snein:

Dy goals wienen natuerlik ek best genôch (sjoch
hjir).