Weppers tongersdei 3-12

Weppers woansdei 2-12
1 december 2009
Weppers freed 4-12
3 december 2009

Gjin trainen
Der is hjoed gjin trainen fan it 4e 5e en 6e, it trainingsfjild is te wiet.
Klaas

Utfanhûs
Eddy de Boer lieder fan SDS 5 is in pear nachtsjes útfanhûs. Yn it sikenhûs wol te ferstean. Hij dangele al in moai skoft om mei folle holtes en dêr is wat oan dien. Eddy hoopt tongersdei wer werom te wêzen op de Skippersbuorren. Sneon sil hij der noch net bij wêze.

Sealtoernooi
Foar E1 begjin sneon oer in wike (12 des) de sealfuotbalkompetysje. Sij hawwe harren dêr foar opjûn. Kommende freed om 17.00 oere sille se de earste training ôfwurkje.

Goed nijs foar SDS 4
De wedstryd Tsjummearum 2 – SDS 4 is al in oantal kearen ôflast. Foar kommende sneon liket it prima, want wij krije dit berjocht binne:
Hoi, 
Foar boppesteande wedstriid jout de vv Tsjummearum een spylgarantsje ôf, tenzij het fjild problemen oplevert.
Mei oare wurden, it moat wol hiel raar gean (jo sille it beleve) mei it waar, wol de wedstriid net troch gean.
Oan de personele problemen sil it him dit keer net lizze.
Groetnissen, 
Marten-Jan van Zanden
Wedstriidsecretaris V.V.Tzummarum


SDS F4 mei ynhelje
De jongens fan SDS F4 meie sneon foar it earst yn harren noch koarte fuotbalkarriëre in wedstryd ynhelje. Sy geane sneon om 9.00 nei Starum om dêr te fuotbaljen tsjin QVC F3.

Sinterklaas
Mocht Sinterklaas noch kadootsjes nedich hawwe dan kin hy fansels ek terjochte yn de
SDS-winkel. Hjir binne û.o. SDS-sokken, SDS-tassen, SDS-sjaals en SDS-trainingspakken te krijen.


5 tsjin 5
Set it mar fêst yn de nije aginda: op 5 juny organisearet Oeverzwaluwen wer in 5 tsjin 5-toernoai foar senioaren.

Harsens derby (92)
Dizze kin net mis! Of ………. Hy sjit de bal yn elts gefal leaver fan in gruttere ôfstân op de goal.


Letter miskien wol mear!