Weppers woansdei 2-11

Weppers tiisdei 1-11
1 november 2016
Aginda ledengearkomst vv SDS
2 november 2016

Henk Boersma

Henk Boersma, oant ferline jier in fêst gesicht bij SDS, is moandei ferstoarn. Syn sûnens giet it lêst jier hurd efterút en syn fytsritsjes nei Easterein wiene  der al net mear. Henk Boersma wie ien mei SDS. Yn juny 2015 stie der ynterfjoe yn de Treffer en dat kinne jim hjir lêze. Yn 2016 hat er noch in foto reportaazje fan him yn de Treffer stien. Dy is hjir te sjen.

Seal

De sealteamfuotballers fan SDS binne jûn te bewûnderjen op de flier fan de Trije yn Frjentsjer. ZVF 1 is de tsjinstanner.

Doelpunten SDS 2

It is net earlik om doelpunten ta te skriuwen oan ien dy’t se net makke hat. Gelokkich binne der soms heiten dy’t ús dêrop wize.  Ien fan de doelpuntenfan SDS 2  fan de foet fan Feite de Haan wie fan de foet fan Ewout de Boer

Doelpuntenklassemint

Tjitske Heeres skoart er wer flink op los dit seizoen , sij sit al yn de dûbele sifers. De efterfolgers stean op 6 doelpunten. Sjoch hjir foar it komplete klassemint.

Harsens derby (1784)

As je de ôftraap hawwe, dan kinne je moai snel skore! Of net…..