Weppers woansdei 19-9-2018

SDS-League: ‘Kali-kartel’ pakt wykpriis!
19 september 2018
Nij team der bij: JO-10
20 september 2018

Beker: SDS JO13-1 – SSS JO13-1

Jûn mei SDS JO13-1 bekerje tsjin SSS JO13-1. De wedstriid begjint om 19.00 oere. De wedstriid einige yn 1-3

Programma sneon

Sneon giet it los. De earste kompetysjewedstriden fan it seizoen. It programma kinne jim altiten fine bij Wedstriden

Nije sjurts

Sawol SDS 1 as de JO19-1 hawwe ôfrûne sneon foar it earst yn harren nije sjurts fuotballe. De nije teamfoto’s kinne jim hjir ynkoarten sjen. Sneon kinne jim SDS 1 yn Koudum tsjin Oeverzwaluwen 1 bewonderje yn harren nije sjurts en de JO19-1 by SJO Oudega/HJSC/Heeg JO19-1. Nije wike spylje se beide thús.


De nije tenues fan SDS JO19-1

Dicks fysje

In pear wiken werom oefene SDS 1 yn it begjin fan de tarieding op it nije seizoen tsjin VVI 1. In oefenpot wêr ’t beide ploegen net folle kânsen fuort jûchen en de wedstriid yn 0-0 eindigjen seagen. De âld-trainer fan SDS en no trainer fan VVI, Dick Schuurman, hie yn it klupblêd fan VVI in petear oer syn oanstelling by VVI en hoe ’t hy fuotbalje wol. Hy liet him hjir yn net fan syn beste kant sjen.

Harsens derby (2051)

De jeugd fan tsjintwurdich kin de bal net sa goed mear heechhâlde dan yn it ferline. It wurdt te min oefene. Miskien in idee om fakansjewurk te dwaan by Post.nl?

 

Letter mear!