Weppers woansdei 19-2

"Doar op kier foar keunstgers?"
18 februari 2014
Weppers tongersdei 20-2
19 februari 2014

Programma sneon
Sjoch op de giel button Programma/Utslaggen  op de foarside wat it programma stiet dizze wike is. Wij sjogge stean dat de sealtoppers (tobbers) jûn los moatte, en wij sjogge ek dat SDS 1, 2, 3 ,4 sneon wer los kinne.

Top of flop
Op de wepside Amateurgras is in opsetsje makket wat betreft de Toppers en Floppers fan it amateurfuotbal yn Fryslân. Sjoch
hjir.

Nije kompetsyje-yndielingen foarjier
De nije kompetysje-yndielingen foar jeugdteams is no bekend. Jim kinne se hjir fine.

Herbstmeister!
Wy tochten earst dat Harm-Auke ús syn nije team foar de SDS-League mailde, mar it gie om wat oars:

SDS 5 waard as “Herbstmeister” wolkom hjitten yn de Stolp ôfrûne sneontejûn.

SDS League
Wy binne drok dwaande om alle nije teams yn te fieren foar de SDS-League. As alles wat meisit dan komme wy moarntejûn foar Ajax-Salzburg yn de kantine mei de earste stân.

Nim it sa’t is
Ynkoarten kinne wij wer stimme foar de gemeenterie. Toanielklup Nim it sa’t is út de 4 doarpen (tusken Easterein en Skearnegoutum) jout ús in grutte kâns om al fêt te oefenjen. Sa wolle graach de Oscar winne fan Man bijt hond. Jim kinne
hjir stimme. Wij wolle jim mei klam fersykje om dat te dwaan. Tip: jim hoege de filmpkes fan de tsjinstanners net te besjen dat is hielendal mar dan ek hielendal neat.

Harsens derby(1215)
Dizze keeper sjocht der net al te best út: