Weppers woansdei 18-9-2019

Weppers moandei 16-9-2019
16 september 2019
Lokwinskweppers tongersdei 19-9-2019
19 september 2019

Goals út Wommels

Op it fuotbalfjild yn Wommels steane op dit momint efkes gjin grutte goaltsjes. Sy binne efkes foar reparaasje by Couperus yn Easterein en as sy wer hiel binne en der nije netten yn hingje geane sy wer nei it skopfjild yn Wommels.

Meinte-Sixma-toernoai foar de 25e kear

Yn de hjerstfakansje op woansdei 23 oktober wurdt al wer foar de 25e kear it Meinte-Sixmatoernoai ferspile foar de jeugd oant en mei de JO/MO13. De famylje Sixma hat dizze kear y.f.m. it 25-jierrich jubileum in ekstraatsje foar de bern. Wat dat is dat sjogge jim dan wol.

SDS-sjurtsjes of -broekjes stikken?

Is der ris in SDS-sjurtsje of -broekje stikken meld dit dan by Klaas de Haan. Ek as der b.f. in toutsje út in broekje is. Klaas of de frou kin dat dan reparere of hy soarget foar in nijen.

Nije Freon fan SDS!

SDS hat der in nije Freon by! Gerke en Martha Woudstra wenje noch net sa lang yn Easterein, mar hawwe al witte litten de fuotbalklup graach te stypjen troch Freon fan SDS te wurden. Wolle jo dat ek dan kinne je hjir je gegefens ynfulle.

Nije leden fan SDS!

SDS hat der de ôfrûne wiken wer wat nije leden by krigen. Sa binne Doede-Rients Okkema (SDS 4) en Thijs de Boer (JO17-2) beide wer op fuotbal gien nei in pear jier skoft. Wolle je ek lid wurde dan kin dat troch hjir je gegefens yn te fullen.

SDS-sokken

Al dy nije leden hawwe fansels ek SDS-sokken nedich. Dizze kinne sneons kocht wurde yn de bestjoerskeamer. Sy koste €10,- per pear.

Earste thúswedstriid SDS 1

SDS begjint sneon de kompetysje mei in útwedstriid tsjin Oeverzwaluwen. Nije wike sneon is de earste thúswedstriid lyk in derby tsjin vv Scharnegoutum.

SDS-League

Wy binne drok dwaande om alle teams yn de kompjoeter te stopjen en hope moarn mei de nijste stân te kommen. Sa ’t it no stiet komme wy op sa ’n 60 teams út.

Harsens derby (2155)

Dit liket nergens op, Jaap!