Weppers woansdei 18-7

SDS 65 jier!
17 juli 2012
Yndieling senioren
18 juli 2012

SDS 65 jier
De earste lju hawwe harren al oanmelden om op freed 10 augustus mei te dwaan oan it fuotbaltoernoai(al sa ’n 50 man/frou) en oan de barbecue(al sa ‘n 55 man/frou). Sawol it fuotbaltoernoai as de barbecue is net allinnich foar leden, mar ek foar âld-leden, supporters, froulju en manlju fan spilers/spylsters ensfh. Wy wolle der in échte SDS-dei fan meitsje, dus alle minsken dy ’t SDS in waarm hert tadrage binne wolkom.
Jou je
hjir gau op!

SDS 65 jier (2)
Foar de jeugd is der moarns mei it jubileum in fuotbaltoernoai mei dêrnei patat en limonade en in alderaardichste attraksje. Hjir hat it wol wat fan.
Oefenje mar fêst op jim truukje en lit dy 10 augustus sjen!
Jou je hjir gau op!

18 july
Dat is de dei  dat Arjen Los syn jierdei hat. Ek dit jier is dat sa. Hij wurdt 21 jier. Fan herte.

17 july
Doe wie Dirk-Yde Sjaarda jierdei. Noch fan herte lokwinske.

SDS D2 op it strân

De mannen probearje tusken it rûsjen fan de see nei Tjerk van de Pol te harkjen.


Dit hie in skilderij wêze kinnen.

Tatoe…tatoe.. út Liverpool


Oefene
VV Nijland 1 hie ôfrûne sneon al syn earste oefenwedstryd. Sy spilen tsjin SC Franeker 1. Sjoch
hjir foar it bewiis.

Harsens derby (812)
As je favorite lân útskeakele is op it EK dan moatte je oare ferdivedaasje sykje:



Letter miskien mear!