Weppers tiisdei 17-11
16 november 2009Weppers tongersdei 19-11
18 november 2009Giet net troch
Al it trainen foar jûn is ôflast.
Durk
SDS 1 út de beker
SDS 1 hat juster mei 3-1 ferlern fan Flevo Boys 1 en is dêrmei út de beker. SDS fuotballe knap yn Emmeloord en makke it de Haadklasser aardich dreech. SDS 1 kaam sels mei 1-0 foar troch Hendrik de Jong. Nei 50 minuten foel pas de lykmakker. 5 minuten foar tiid foel de 2-1 en krekt foar tiid de 3-1.
Grutste ferlies fan justerjûn wie de blessure fan Jaap Toering. Hendrik de Jong makke de wedstryd ôf as keeper.
It útgebreide ferslach fan Siem Sikma wachtsje wy ôf en wy ferwachtsje ek noch bylden op de webside fan Flevo Boys (klik hjir).
Sjoch hjir foar de doelpunten en in radiofragmint.
Woansdeitejûn sealfuotbaljûn
SDS 1 spilet jûn om 20.30 thús tsjin Old Forward 1. SDS 1 moat it dwaan sûnder Tsjipke en Jaap dy ’t beide blesseard binne.
SDS 2 is op ‘e nij frij fan ‘e wike.
Tongersdeitejûn “Dooitze”-jûn
Dick moat tongersdei de hiele dei fuort foar syn wurk. Hy kin SDS 1 dan jûns net traine. Dooitze Nauta sil jûns de training oernimme.
Freedtejûn Cambuurjûn
Freed sil SDS 1 mei syn allen nei Cambuur – Emmen. De folgende minsken binne selekteard:
Anne S, Jaap, Feiko, Arjan, Feite, Erik, Jacob-Klaas, Tsjipke, Skelte, Jacob von W, Tsjalling, Hendrik, Harm, Anne B. en Dick.
Fertrek rûn in oer of seis mei de bus (wurdt tongersdei op trenen definityf ôfpraten). Der is noch in kaart oer, gegadigden kinne harren melde bij Anne Brouwer!
Dick
Gjin keeperstrainen
Marten Faber moat jûn op ‘e nij wurkje en kin dus gjin keeperstrainen jaan.
Gjin frouljustrainen
De training van vanavond gaat niet door!
Het veld is te nat.
Groet Johan Delfsma
SDS’ers bij Oranje (1)
Jûn spilet Oranje tsjin Paraguay. Dat is yn it Abe Lenstra Stadion yn Hearrenfean. In ideale gelegenheid, foaral foar de jeugd om it grutte Oranje te sjen. Wij hawwe yn alle gefallen heard dat Yward en Niels fan E1 yn it stadion sitte. Mar miskien binne der wol folle mear. Wij heare it graach en binne ek yn de belibbenissen en foto’s ynteresseard.
Christian Zijlstra lite witte dat hy der ek hinne sil mei syn sus, Anne-Wil.
SDS’ers by Oranje (2)
Stijn van F3 zit vanavond ook in het stadion.
Naast zijn moeder!
Groet,
Zijn vader (die vanavond thuis zit)
SDS’ers bij Oranje (3)
Ek AnneWil en ik binne jûn in it stadion te finen.
Christiaan
Ballenfanger
Yn Wommels wurdt al wer foarútsjoen nei it WK, sa lêze wij op Wommels.nl
Nationaal Voetbal Symposium
Wa’t op 18 desimber neat te dwaan hat en yn de buert is fan Hoenderloo en Guss Hiddink graach heare wol soe him opjaan kinne foar it Nationaal Voetbal Simposium.
No Rules
Noch 4 kear treedt No Rules op. Sneon foar de lêste keer yn eigen omjouwing. Antsje Stenekes (Da 1) mei har muzikanten komme dan nei it Dielshûs yn Wommels.
Oalje op it fjoer
Dizze grinsrjochter moat neffens in spiler wat ôfkuolje, mar smyt blykber oalje op it fjoer: