Weppers woansdei 18-10

Foar €10,- nei sc Heerenveen – Vitesse!
17 oktober 2017
Weppers tongersdei 19-10
19 oktober 2017

SDS Vr.1 jûn om 20.15 oere thús tsjin Mildam Vr.1

De froulju fan SDS Vr.1 koenen sneon net tsjin Mildam Vr.1 balje om ’t de tsjinstanner te min froulju hie. Jûn hawwe sy wol genôch en kin der om 20.15 oere fuotballe wurde yn Easterein. Fêst de muoite wurdich om efkes te sjen tochten wy sa.
De folgende froulju sille foar SDS Vr.1 probearje de 3 punten te pakken. Sy wurde om 19.30 oere yn de boks ferwachte.
Tarina, Gerry, Janieke, Richtsje, Geeske,  Lysanne, Alissa, Sieta, Hester, Akke, Rixt, Seriette, Tjitske, Sanne, Kirsten, Agnes en Jeska.
Flagger: Simon Kingma

Oefenje

SDS 1 hat sneon in kompetysjeprogramma, mar alle oare SDS-teams hawwe in beker-ynhelwykein. Dat betsjut dat net alle teams fan SDS hoefe te fuotbaljen en der wat romte yn it programma is. Sa sille SDS JO17-1 en JO17-2 sneon tegeare oefenje.

Mei syn allen nei Nijlân!

SDS 1 spilet sneon wer ris dé derby tsjin vv Nijland 1. Nijland kaam de lêste pear jier in klasse heger út wêrtroch dizze derby in skoftke net op it kompetysjeprogramma stie. Dit jier gelokkich alwer en wy hawwe der in bult nocht yn! Jim hooplik ek sadat wy sneon mei in hiel SDS-legieon oan de kant stean kinne yn Nijlân! De beide ‘Bunniksides’ ferwachtsje wy sawisa!
No al nocht yn!

Foto; Henk Bootsma

Harsens derby (1935)

Komme je op in leech goal ôf, kinne je net stean bliuwe……………

 

 

Letter mear!