Weppers tongersdei 19-10

Weppers woansdei 18-10
18 oktober 2017
SDS-League: ‘De Voetbalomnivoor’ pakt wykpriis!
19 oktober 2017

Programma sneon 21-10

Kommende sneon is der net in grut programma, mar dochs genôch teams fan SDS dy ’t fuotbalje meie as it no beker, oefenje, as kompetysje is. Sjoch hjir foar it programma.

SDS Vr.1 wint fan Mildam Vr.1

In wedstriid wer alles yn siet; in tsjinstander wer we net eerder tsjin spyle he, in leuke opkomst oan publyk, in reade kaart, in soad goals, dreigementen en in staking. De wedstriid begong in bytsje rommelig, miskien kaam it erfan dat sommigen hjoed hurd wurke hieden of miskien bin je de geselliche trainingen fan Stefan wend op woansdeitejuns. Hoe dan ek, SDS kriig dernei wat de oerhan yn it spul. Yn de 16e minuut wist Tjitske it net te fynen, 1-0! Ferfolgens makket Gerry Edou yn in counteroanfal in goeie sliding op de bal. Helaas foar de tsjinstander fong sy de klap op en rekke blesseerd fan it fjild. De leider rekket frustreert en krijt in grutte moele. Neffens de goed fluitsjende skeids is it better dat hy achter it hek stean gjit. Hjir is it hy it net mei iens en gjit troch mei skellen en protesteren wat leid tot in reade kaart foar de leider fan Mildam. Gau dernei makke Tjitske de 2-0. Dit wie uteindelijk ek de ruststand. De twadde helft begjinne we lekker fel. Wy he yne meeste gefallen as eerst de bal en der sitte moaie oanfallen tusken. It duorret dan ek net lang foardat de 3e goal falt, dit keer is it Jeska. Dat is in moaie comeback! Neidat de goal fallen is wit SDS de bal gau af te pakken en makket Seriette de 4-0! Dit gjit lekker, nog 2 goals erby en we stean wer bovenoan! Je moatte net de kantine ynduke foar snel in bakje koffie of thee om je warm te halden want 2 minuten letter is er alwer in goal, Tjitske makket de 5-0! Yn de 68e minuut wit Seriette ek wer it net te fynen en in lytse 8 minuten dernei is it Tjitske die de 7-0 makket wat uteindelijk ek de eindstan wurdt.. Der leit in spyler fan SDS op it fjild wer fersoarging foar komme moat. Der leit ek 1 fan Mildam op de grun. Degene die eerder al read kriigen hie begjint tsjin de skeids te roppen dat hun spyler fersoarging nodig het. Dat is prima, mar at je read he bin de regels dat je net it fjild opkomme meie. Hjir wurdt oan foarby gien en der wurde nog skeldwurden en dreigementen utdeelt troch Mildam en de skeids beslut, terecht, om de wedstriid te staken. Jammer dat it sa moat. Hope dat we de folgende wesstriid tsjin Mildam op in sportieve manier “utfechtsje” kinne en net op de manier wat ut sommige dreigementen die blyken. Al mei al in wedstriid om net gau te ferjitten.
Agnes

Kantine

Jûn traine SDS JO19-1, 1, 2, 3, 4 en 5 wer en sy kinne fanôf 20.30 oere terjochte yn de kantine. Robert Sijbesma hat bartsjinst, dus it dak giet der fêst ôf. Om 21.00 oere kinne wy ek moai efkes Everton – Oympique Lyon sjen.

SDS-League

Jûn komt ek de nije stân fan de SDS-League. Hy leit om 20.30 oere yn de kantine en stiet om 20.32 oere hjir op de webside. Soenen ‘de Terpies’ noch boppe-oan stean?

Draaiend Rad

Mochten sy yn Nijlân foar kommende sneon nei Nijland 1 – SDS 1 noch ien sykje dy ’t it Draaiend Rad dwaan wol, dan witte wy noch wol ien!

Mei de bus nei Willemsoord!

SDS 1 spilet op sneon 4 novimber út tsjin Willemsooord 1. Krekt sa ’n potsje om mei syn allen yn de bus der hinne. Wolle jo ek mei yn de bus lit it ús dan efkes witte fia info@vv-sds.nl of lit it Willem Wijnia efkes witte. Foar supporters kostet it €10,- Dit is foar in retourke fansels! Hooplik sitte de 3 punten der ek by yn.

Harsens derby (1936)

It is net altiten sa makkelijk om in reade kaart te pakken………….

Letter miskien wol mear!