Weppers woansdei 18-1

SDS-sealtoernoai op sneon 28 jannewaris. Jou dy no op!
17 januari 2017
Weppers freed 20-1-2017
20 januari 2017

Útslagen trochjaan

Wolle de leiders der om tinke dat sy de utslagen fan it KNVB-sealtoernooi trochjaan oan de wedstrydsekretaris. Dit kin via de mail nei wedstriidsekretaris@vv-sds.nl of in appke of SMS nei 06-33030042.
Fan sneon 14-1 misse wy noch de utslagen fan SDS JO13-4 en SDS JO11-3.

Jierdei

Juster hie de foarsitter fan SDS syn jierdei. Noch fan herte lokwinske Willem Wijnia.

NieuwsafbeeldingNet op it fjild!

It keunstgersfjild is foar it grutste part net beferzen, dus dat betsjut dat der gewoan op fuotballe wurde kin. Op de stikken dy ’t wol beferzen binne mei net fuotballe wurde. Dit om te foarkommen dat it fjild dêr stikken giet.

SDS seal

It echte SDS seal team mei jûn wer los yn de ….seal. Om 21.00 trede sij oan tsjin Balk 3. It fynt plak yn Easterein.

Oefenje

Neist de oefenwedstriid fan SDS 1 binne der sneon thús ek noch oefenwedstriden fan SDS JO17-1 en SDS VR1. De earsten trede om 9.45 oan tsjin vv St Anne JO 17-1 en de froulju spylje tsjin DTD VR 1 om 12.00 oere.

Oefenje (2)

SDS 2 is ek hast oan syn earste oefenwedstryd ta. Sy sille op sneon 4 febrewaris om 14.30 oere oefenje thús tsjin sc Bolsward 2.

Ut de âlde krante


In knipsel út 1983 neffens ús registraasje.

Nije wedstriidopset


At it allegear troch giet, wurde dit de nije fjildôfmjittingen mei yngong fan takem jier.

Harsens derby (1821)

It is dúdlik de wike fan de omhaal. earst Andy Carrol al yn Ingelân en no ek al ien yn Italië. Sa binne wy dy fan Marco van Basten daliks gau fergetten………