Weppers woansdei 17-3

Weppers tiisdei 16-3
15 maart 2010
SDS League: Ozzy pakt wykpriis!
18 maart 2010

Woansdeitejûn sealfuotbaljûn
SDS 1 mei it jûn om 20.30 thús opnimme tsjin Urk 4. Feite en Jaap binne der net by. Jan-Simon, Tseard, Ruurd, Freek, Tsjipke, Peter en Willem wol.

Sunderland – Manchester City

What a game: Sunderland – Manchester City: ‘The best game in weeks!’ kopte de plaatselijke krant in Sunderland de volgende dag.
Enige nadeel: een vak vol 200 Nederlanders die zich continu op de hoogte stelden van de stand bij Ajax-PSV…..
Grootste verrassing: Harm Abma was er ook!
Tjerk

“Falt der hjir ek noch wat te fervjen?”


Tsjerk, in kollega fan Wichard, Wichard, Jappie en Remco foar it Stadium of Light.

Sponserjûn
Nije wike tiisdeitejûn is de sponserjûn mei as sprekker Ron Jans. In man út Wommels hat al in fraach foar him klear(klik
hjir).

SDS League
Der binne wer in pear teams dy ’t bulten punten skoard hawwe ôfrûne wykein. Moarn kinne jim hjir de nije stân besjen.

AH-fuotbalplaatsjes
Mochten der noch lju wêze dy ’t dûbele fuotbalplaatsjes fan de Albert Heijn hawwe dan wolle Tom en Pieter wol ruilje. Mail mar efkes nei info@vv-sds.nl.

Foeilelijke sjurts (2)
Wy krigen fan Feyenoord-supporter Marten Faber al in tip oer lelijke sjurts, al kin ien fan de wepmasters him hjir net hielendal yn fine:
Hjirby direkt mar in oersicht fan alle lelijke shirts by elkoar(klik
hjir).
Groetnis,
Marten.

Dizze past der wat ús oangiet wol by:

Hawwe jim ek in idee mail it dan nei
info@vv-sds.nl mei efentueel in foto of in link nei it betreffende sjurt

Harsens derby (166)
Foar in pear wiken werom makke Syb Overal yn Ljouwert in wereldgoal. Hy pikte de bal op stoomde nei foaren oer de middenline en skeat mei in needgang de bal yn ‘e krúsing. Dizze ferdigener fûn it tefolle muoite om de middenline oer te stekken: