De sponsorcommisie en it bestjoer fan SDS binne tige bliid dat der dit jier wer in sponserjûn komt en wol op tiisdei 23 maart 2010.
Alle sponsers en freonen krije ynkoarten in útnoadiging in de bus mei antwurd slúf .
Ek no ha we wer in nisgjirrige sprekker útnoadige.
Groetnis Enne
Sealtrainen A’s
De A’s traine jûn yn de seal fan 21.30 oan ’t 22.30. Graach allegear efkes in eurootsje meinimme.
Sealtrainen SDS 2 en 3
SDS 2 en 3 sille freedtejûn de seal yn. Sy fuotbalje dan fan 19.00 oan ’t 21.00. Hooplik binne der in soad fuotballers sadat der efkes in toernoaitsje plakfine kin. Ek foar harren jild dat eltsenien efkes in eurootsje meinimme moat.
SDS D4M
As it waar meisit dan sille de skoalfamkes fan SDS op sneon 6 maart foar it earst los yn de kompetysje. Wy hawwe lyk harren kompetysjeprogramma mar efkes útsocht. Jim kinne it hjir fine.
SDS League
As alles goed giet dan kinne jim hjir moarntemoarn de nije stân fan de SDS League fine.
Harsens derby (142)
Kenan Koseoglu, alias Rathinho, spilet by de Rotterdamse sealfuotbalkup TPP/SDD, mar fertrekt nei FK Abdish-Atadie út Kirgizië. Spitich dat hy sa fier fuort giet, want de sealfuotballers fan SDS 1 hienen him jûn ek wol goed brûke kinnen tsjin koprinner Trynwâlden VC 1: