Weppers tiisdei 16-2

Weppers moandei 15-2
14 februari 2010
Weppers woansdei 17-2
16 februari 2010

“Let the games begin”

Dirk-Yde lit witte dat hy fannemiddei mei Samme fertrokken is nei Vancouver om dêr te Olympyske Spelen te besykjen. Hjir kinne jim him folgje.

Wol trainen
Jûn traint SDS 1 yn Snits om 18.15 oere.
Fertrek om 18.00 út Easterein.
Doch oars de klean fêst oan dan hoege we der net op de man mei de kaai te wachtsjen..
Dick


Gjin trainen
Klaas Okkema jout troch dat der jûn gjin trainen is foar SDS 2. “In jûntsjes frij”, sa skriuwt hij.


Klaverjasse

Net ferjitte dat der kommende tongersdeitejûn klaverjassen is yn de kantine. Om 19.30 giet it los. Dus iets earder dêr wêze graach. En it soe fansels moai wêze dat der wat animo is.

Krap
Beste leiders/trainers/scheidsrechters,
Doordat er weer meer teams zijn die willen voetballen, wordt ir in het voorjaar 2010 uitgeweken naar het veld achter de sporthal. In toerbuurt zullen de F’s, E’s en D3 en D4 hier voetballen.
Ook in de kleedboxen zal dit de nodige aanpassing vragen. Wij rekenen erop dat een ieder hier op een sportieve manier mee om zal gaan.
Voor evt. vragen kan je altijd bij mij terecht.
vriendelijke groeten,
Andre Vink

Woansdeitejûn sealfuotbaljûn
Moarntejûn wurdt der wer sealfuotballe. SDS 1 moat om 21.00 út tsjin Trynwâlden VC fuotbaljen en SDS 2 stiet om deselde tiid op de houten flier fan de sporthal fan Sint-Nyk tsjin Renado 3 te boljen.

Weriepening sporthal
Moarn wurdt nei in renovaasje fan 2 jier sporthal De Greidhoeke op ‘e nij iepene. Wethâlder Franke Doting sil moarn om 15.00 de sporthal weriepenje(sjoch hjir), de majorettes fan Wommels sille optrede en der sil in demonstraasje wêze fan it muorrekeatsen.

Wachtsje
Wij wachtsje noch op in moaie Clarence Sluier foto fan Jelmer Posthumus. Want wij meie net ferjitte dat hij op 6 febrewaris in strafskop miste yn de wedstriid tsjin Delfstrahuizen.

Harsens derby (141)
Hie Jelmer syn penalty no sa naam dan hie der fêst sitten………….. op ‘e grûn mei de fuotten yn de knoop:

Sjoch de penalty nei sa ’n 20 sekonden