Weppers woansdei 17-12

Weppers tiisdei 16-12
15 december 2008
SDS League: Burger King olé!
17 december 2008

Sealtraine
SDS 2 traint jûn fan 20.30 oan ’t 21.30 yn de seal. Dêrnei is it de beurt oan SDS A1. Sy traine fan 21.30 oan ’t 22.30.

SDS 3
Foar de spilers fan it 3e is der tongersdei trainen. Dit sil mei de spilers fan it 2e 4e en 5e wêze. Even in leuke training ûnder lieding van Klaas Okkema en dernei tiid foar in lekker bierke yn de kantine.
19.00 oere op it trainingsfjild oanwêzich. Kom allegear!!!
Groeten Jan

Oan Toering, Sikma en Halbersma
Toering, Sikma en Halbersma. (yn die folgorde) tongersdei om 18.05 ûre klearstean moate by de Zeeuw en Ely. At se mei ride wolle fansels.
Ik ha gjin tiid om te sms’en (wol skilje)
Dn.

Ofslute
It trainingsseizoen wurdt tongersdei ôfsluten. SDS 1, SDS 2 en SDS 3, 4 en 5 sille noch ien kear (mei) harren bêste fuotsje foarsette. En it is fansels aardich om it jier ôf te sluten yn de kantine. Ek dygene dy’t prinsipieel tsjin trainen binne (sommige SDS 4 en SDS 5 spilers) of miene gjin training nedich te hawwem (oare SDS 4 of SDS 5 spilers) of leaver wat
op de bank foar de tillefysje omhingje (wer oare SDS 4 en SDS 5 leden) binne fan herte wolkom.

SDS C1 hat winterstop
Tongersdei is der gjin training mear foar de C1. Wy begjinne wer ergens yn jannewaris.
Wat betreft de sealtoernooien krije jim noch berjocht. 
Groetnis Dirk de Jong

Liftsje
1 jannewaris 2009 wurdt foar de achtste kear de liftwedstryd holden fanút Wommels. Alle jierren folgje wij dat streekrjocht omdat ek in oantal SDS-ers oan dit barren meidogge. Dit jier is it rêstich op it front. Wij fregen ús dan ek ôf at der wol SDS-ers meidogge. Want sette wij al net jierren ús jild op it keningskoppel Sjoerd en Jan.
Wij binne op ûndersyk útgien en kinne in geruggie melde: Jan giet net mei. Sjoerd wol. En Sjoerd siket (neffens dit geruggie) syn heil bij in lid fan vv Nijlân. Dat kin net oars as in ideale kombinaasje wêze.

Kuorkebalje
Jûn sil it dan eindelijk oangean; Feite sil kuorkebalje. Fannejûn sil hy meidwaan oan it jierlikse miks-kuorkebaltoernoai fan WWC. It begjint om 19.00. Allegear sjen dus!
As Feite goed oplet dan wit hy miskien hoe ’t je der foar soargje moatte dat Rory Delap fan Stoke City net safier ynsmyt. Dit wurket yn elts gefal mar efkes: