Weppers woansdei 17-12

Weppers tiisdei 16-12
15 december 2014
Sponsorkliks foar SDS
17 december 2014

Net traine

Foar de minsken dy traine wolle, dit wurdt neat. De fjilden binne te wiet. 

Oetze

SDS 1 – TONEGO 1
De KNVB jout oan dat de ôflaste wedstriden fan ôfrûne sneon pas nei de winterstop ynhelle wurde. Dat betsjut dat SDS 1 – TONEGO 1, dus nei de winterstop ynhelle wurdt. De eksakte datum is noch net bekend, mar dat soe hiel goed 17 jannewaris wêze kinne.

Skerp
Wy kamen in pittich stikje tsjin op it ynternet oer skerp iten. Neffens de wepmaster dy ’t graach hite nútsjes mei is hjir gjin pittige finger tusken te krijen(klik
hjir).

KNVB-sealtoernoaien
Foar inkelde SDS-pupillenteams giet sneon it KNVB-sealtoernoai al los. Foar wa ’t witte wol welke teams der meidogge en wêr ’t sy allegear hinne moatte kin moai efkes dit
KNVB-programmaboekje trochspitte.

Sealfuotballe?
As it goed is dan hawwe de sealfuotballers fan SDS 1 juster sealfuotballe tsjin RES 2. Wy binne benijd as sy de titelaspiraasjes wiermeitsje kind hawwe.

SDS 4 & 5 de seal yn

SDS 4 en 5 kunnen donderdag terecht in de zaal om een balletje te trappen. Van 21:00 tot 22:00 is de zaal beschikbaar, graag allen een eurootje mee!  

Eeltje Postma & Gertjan Hessels

Kryst-Treffer
De Treffer leit hast by de drukker en dat betsjut dat jim mei de Kryst noflik ûnder de Krystbeam wer in alderaardichste Treffer lêze kinne.

Harsens derby(1393)
“Hy sit!!!!! Hupsáááá’! Oh, nee, toch net……”