Weppers tiisdei 16-12

Coole SDS-hoodies te keap!
15 december 2014
Weppers woansdei 17-12
17 december 2014

Spulrigelbewiis foar de B’s
Hjir de lêste skores:
13 persoanen slagge, wêrûnder de hiele B1 en 4 dames
5 persoanen binne drok dwaande en hiel fier, wêrûnder de twa fan de B2 op level 4 en trije dames wêr fan twa op examen level en ien op level 5.
3 dames binne noch net starten en dat kin noch in hiele toer wurde of se foar 31/12 slagje!
Foar die persoanen die noch net starten binne;
It wurd no tiid om te begjinnen!
We hâlde de moed deryn en hâlde jimme op de hichte.
De skiedsrjochterkommisje

Foarinoar
“Foarinoar” is in tillefysjeprogramma fan Omrop Fryslân wêr’t it oer minsken giet dy’t  dy’t frijwilligerswurk dogge. Kommende woansdei om 16.55 is der in útstjoering dy’t giet oer Hans van der Schaar en syn rol bij SDS. Letter op é jûn sil it ek noch wol in oantal kearen útstjoerd wurde. Op dizze
snútboekside kinne jim der mear oer lêze.
Dat it in Fryske útstjoering is die wol bliken út de oankundiging dy’t wij krigen: As heit fan 2 fuotbaljende soannen rekke Hans van der Skjirre belutsen by VV SDS Easterein. No is hy trainer en coach.

Trije punten

Soms is it nedich om de favorite klup (scHearrenfean) bij in fiere útwedstriid te stypjen yn wat dregere tiden. Sietze Marten Stoffelsma (C2) en syn heit Wiebe namen sneontejûn trije punten mei út in jûntsje NAC.

Easterein-League
Wy binne der wiis mei dat ús puntenlevernsier fan de SDS-League wer on it wurk is. Dat skeelt ús in bult wurk. Rekkenje der mar op dat jim tongersdei hjir de nije st6an wer sjen kinne. Miskien moatte wy it fanôf no dan wol de “Easterein-League” neame(klik hjir).

Harsens derby(1392)
Toeterdetoet!







Letter mear!