Sponsorkliks foar SDS

Weppers woansdei 17-12
17 december 2014
Hans foarinoar!
18 december 2014

Sûnt koart sjogge jim op de foarside fan de SDS-side in nij pictogram stean:

“SponsorKliks,

As je derop klikke dan kinne je nei ferskate wepwinkels ta lykas:
Bol.com, HEMA, Avantisport.nl, Zalando, Aktiesport, Bax, Cheaptickets.nl, Wehkamp, 123tijdschrift.nl, Medion en folle mear.

Fansels hawwe wy it leafst dat jimme by ús direkte stipers wat keapje, mar wy witte dat jim fêst ek wolris wat fia ynternet keapje. As jim dat dan fia de
SDS-side fia Sponsorkliks dogge dan giet der in bepaald persentaasje fan de oankeappriis lyk nei SDS.
Dat moat altiten wêze tochten wy sa!


Ús stiper
Wheagan hat ek in dergelijke aksje. As je dêr in fergese klantenpas oanfreegje krije je 5% koarting op it totale faktuerbedrach en giet der 5% nei je favorite feriening. En dat is SDS fansels! Dizze aksje rint allinnich yn prinsipe noch oan ‘t 31 desimber, dus wêz rap.
Sjoch
hjir foar mear ynformaasje.