Weppers woansdei 16-6

SDS WK-League (14 wedstr.)
15 juni 2010
SDS WK league (17 wedstr.)
16 juni 2010

SDS-Kleanlijn
De artikelen fan de nije SDS-kleanlijn binne ek binnen. Binnenkoart kinne jim hjir op de webside in link fine wêrmei je allerhande spullen bestelle kinne.

Dit binne de nije tassen

Midsimmercup 2010

Dit sil de lêste foto’s wêze fan Tsjalling Sikma yn it SDS-sjurt. Dizze waard sneon makke tidens de Midsimmercup yn Dronryp. Foar mear foto’s klik hjir.

Reuze vuvuzela
Fansels is it lawaai fan de Vuvuzela’s net om oan te hearen, mar it is noch altiten better dan dat se op dizze begjinne te blazen:
reuze vuvuzela

Amerika?
Peppi & Kokki hawwe de SDS WK-League ek ynfuld. Dat ynfullen wie hielendal net sa dreech. “Wa wint? Ingelân of Amerika?””Amerika, rôp der ien”. “Wêrom dan?” “Dêr is Janneke hinne west op fakansje”.”Ah nee juh, dat wie Afrika”.”Oh, dan wint Ingelân”……..

Harsens derby (234)
Noord-Korea koe Brazilië justerjûn net ferrasse mei in oerwinning. Yn 1966 ferraste Noord-Korea al troch samar mei 1-0 te winnen fan Italië. Yn de twadde ronde kaam Korea sels mei 3-0 foar tsjin Portugal, mar mei troch Eusebio waard it dochs noch 5-3 foar de Portugezen: