Weppers woansdei 16-2

Weppers tiisdei 15-2
14 februari 2011
Weppers tongersdei 17-2
16 februari 2011

SDS 1 hat oefene yn Snits
SDS 1 spile justerjûn in oefenwedstriid yn Snits
tsjin V.V. Sneek Wit Zwart 2. Neffens ús ynformaasje hat SDS mei 4-0 oan de kont krigen, krige Kristiaan lêst fan syn ljisk, wie de SDS-grinsrjochter wat partijdich by de earste goal(??) en wienen der wol supporters, mar dy wienen fan VV Snits.

Woansdeitejûn sealfuotbaljûn
SDS 1 mei jûn op ‘e nij thús sealfuotbalje. No tsjin Haskerland 1. Jaap, Jan-Simon, Jelle, Freek, Wytze en Willem (en miskien Feite) moatte fuotbalje om 20.30.

SDS 2 en 3 sille oefenje

Donderdag traint de b- selektie weer in Oosterend aanvang 19.00.
Zaterdag speelt het tweede een oefenpot tegen Zeerobben om 12.30.
Het derde speelt tegen Foarút om 13.00.
’s Avonds is er dan nog voor de liefhebbers een zaalvoetbal toernooi. Opgave hier via de site.
Johan


Klinik F-pupillen
Sneon 19 febrewaris
09:00 oan ’t 12:00
Fuotbalklinik F-pupillen yn de sporthal 
Opjaan is net nedich
Meidwaan wol !

SDS 4,5 en 6 geane wer bûten los
Moarn sille de mannen fan SDS 4, 5 en 6 foar it earst dit jier wer bûten traine. Dit wer om deselde tiid as foar it winterskoft.

Teambuilding
Yn
dizze útspraak fan Jan Wouters kinne wy ús aardich fine.

Sealfuotbal
Op sneon 19 febrewaris is der jûns sealfuotbaljen foar alle SDS-senioaren en A-junioaren. Jim kinne jim
hjir opjaan. Graach foar freed 19.00.

SDS League
Wy hawwe alle teams(83 stiks) fan de nije SDS League ynfierd yn de kompjoeter en hoopje moarn mei de earste stân te kommen.

Harsens derby (403)
As djoerbetelle fuotballers as Eto’o sokke kânsen misse dan meie wy dat ek best wolris: