Weppers woansdei 16-1

Wepperkes tiisdei 15-1
14 januari 2008
Weppers tongersdei 17-1
16 januari 2008

SDS League
De transferperioade yn de eredivisie rint oan ’t 1 febrewaris. Wy hoopje dat wy dan ek gau mei de nije formulieren fan de SDS League komme kinne. Wy wolle dan yn it wykein fan 16 febrewaris wer los mei de twadde helte fan de SDS League.

Oefenje
SDS 2 soe kommende sneon oefenje tsjin Kollum. Dit is fan de baan. De nije tsjinstanner is no wat tichter by hûs socht. SDS 2 spilet no sneon út tsjin TOP ’63 1.

Futsal 3
Justerjûn moasten de futsallers fan SDS 3 fuotbalje. Wy binne benijd nei de útslach. Mail it nei info@vv-sds.nl.

Sloterdijk
Tidens de Midwintercup kamen wy ek in âlde bekende tsjin. It wie âld-SDS-trainer Gerlof-Jan Sloterdijk. Hy wie no trainer by TFS en hy spile noch in aardich potsje mei yn de seal. Wy doarden him net te freegjen wêr ’t TFS no eins wei komt en wêr it foar stiet. Wa kin it ús fertelle? Mail it nei info@vv-sds.nl!

Probleemke
Jan Stenekes sinjalearde in probleemke by SC Cambuur:
“Camboer” hat in probleem. Ze wolle graag fan it kunstgers of. No is it probleem it gerssjidsjen, it apparaat dat de sjidjes yn de grun stopje moat is sa grut dat it net troch de doaren fan it stadion passet. Camboer hat de oplossing…..:
Cambuur overweegt gewoon gras
Cambuur Leeuwarden lijkt het kunstgras vaarwel te willen zeggen aan het einde van het seizoen. Omrop Fryslan weet te melden dat volgens de selectie van Cambuur het huidige veld te hard is.

De spelers hebben daarop het bestuur gevraagd om met ingang van volgend seizoen weer echt gras in te zaaien.
Mogelijk laat de Friese club een geheel nieuw stadion bouwen, voorzien van natuurgras. Algemeen directeur van Cambuur Leeuwarden Alex Pama liet weten dat de kansen op de bouw van een nieuw stadion door hem worden geschat op zo’n 80 tot 90 procent.
Bron: www.Voetbalprimeur.nl
Gr. Jan

Feyenoord-legioen
Ûnbegryplik dat in klup dy ’t mar iens yn de 10 jier kampioen wurdt sa ’n grutte supportersskare hat. De KRO socht dit út en komt jûn op Ned. 2 om 22.50 mei in moaie dokumentaire oer it Feyenoord-legioen.

Kompetysje
Kommende sneon moatte inkelde teams fan SDS alwer los foar de kompetysje. SDS 4 en 5 moatte thús en de SDS-famkes moatte út nei Harns. It sil ús benije as dy wedstriden trochgean. Mocht it al bot reinen bliuwe dan is dit miskien in idee: