Weppers tongersdei 17-1

Weppers woansdei 16-1
15 januari 2008
Weppers freed 18-1
17 januari 2008

Gjin trainen
Fan Sipke Hiemstra krije wij krekt troch dat it trainen foar SDS 4 en 5 net troch giet. It is te……

 

Futsal: SDS 1 wint
SDS 1 hat justerjûn mei 2-1 fan Blauw-Wit ’34 wûn. De stân wie by de rust ek al sa.
SDS krige yn de earste helte de measte kansen. SDS kaam al gau op foarsprong troch Tseard Halbersma. It wie Feite de Haan dy ’t der 2-0 fan makke. Dêrnei kaam it spektakel mei nammen by de skiedsrjochter wei. 2 kear kaam SDS mei in man mear troch giele kaarten foar Blauw-Wit. Krekt foar rêst krige Blauw-Wit in goedmakkerke yn de foarm fan in penalty en giel foar Tseard H. De penalty gie deryn en SDS koe him opmeitsje foar in hektyske twadde helte.
De twadde helte drukte Blauw-Wit SDS aardich efterút. In soad echte kansen levere dit net op en Jan Simon stie knap te keepen. It slagge SDS net om út in kounter te skoren, mar mei 2-1 wien sy úteinlik best tefreden.

Futsal: SDS 3 hellet út!

SDS 3 heeft met een monsterscore gewonnen dinsdagavond!
Het werd in de Cambuurhal tegen Futsal Cambuur 11 maar liefst 1-17!!!!!!!
Ids,Klaas,Jacob,Pieter,en Harm Auke hebben allemaal meerdere malen gescoord, Andre Bons de keeper scoorde het laatste doelpunt!!
Harm-Auke


Traine
At it waar it talit dan sille SDS 4 en 5 jûn wer los mei trainen. En it feit dat se sneon beide fuotbalje moatte, makket de komst wol nedich, tochten wij sa. Allinne Stoffel krijt frij: hij traint yn Dútslân hawwe wij begrepen mei dy
PiePaPoefschaft.

 

Slachtemaraton
Der kinne 1500 dravers mei dwaan oan de Slachtemaraton fan 14 juny 2008.

Wij seagen efkes at er SDS-er bijsitte.

Bij de wedstryd rinners sjogge wij twa âld SDS-ers: Henk Ruiter (Snits) en Wim Bakker (West Skylge). Bij de rekreanten sille Johan Heerma, Meinte Wesselius, Rinse Joustra en âld foarsitter Rienk Wiersma meidwaan.

De ynskriuwtermyn is noch net dien, dus wij ferwachtsje noch wol in pear, seker at je sjogge hoefolle talint der op de Snertrace wie.

 

Keeper skoort
De fraach oer de keeper dy’t skoorde yn 2007 yn in kompetysjewedstryd wie dochs net sa maklik at er der út sjocht.

It doelpunt fan Pieckenhagen tsjin AZ dat wie foar 2007 en it wie yndie Castro dy’t yn 2007 skoorde. Hij die dat lykwols yn it bekerwedstryd en sadwaande wie it goeie antwurd : net ien

 

Sjoerd syn tomke
 
Wij seagen dochs wol in hiele moaie liftfoto fan Sjoerd Rispens. Foaral dat beskieden tomke en dy moaie Tsjechyske mûtse dat hat it neffens ús goed dien. Mear foto’s fan Sjoerd en syn maten binne hjir te sjen.


Gerlof Jan letter werom

In meidieling foar de lieder fan SDS 4. Gerlof Jan Hofstra komt net op 1 febrewaris werom mar 14 dagen letter. Hij fermakket him tige yn it lân fan de broadsjes Kebab en hij sjocht noch net út nei in panne fol boerekoal.

TFS
Wichard Deinum en Tsjallin Sikma wisten ús te fertellen wêr ’t de klup fan âld-SDS-trainer, Gerlof-Jan Sloterdijk wei komt en noch folle mear:
TFS stiet foar Troch Freonskip Sterk en komt ut Drachstercompagnie, ut
de gemeente smallingerland by Drachten. Deze club speelt in de zesde klasse noord op zaterdag.

Groetnis fan Wicky
Ik heb even gezocht en kwam uit in de zondag 6de klasse B. TFS staat hier onderaan met 6 punten uit 11 wedstrijden. TFS komt uit Drachster Compagnie gemeente Smallingerland.
TFS: Troch Freonskip Sterk
Groeten,
Tsjalling

Bordweeropschoot.nl
Foar wa ’t ek graach wol dat de samenvattingen fan it eredivisiefuotbal op sneintejûn wer gewoan by Studio Sport te sjen binne om 19.00, kin him oanmelde op de webside www.bordweeropschoot.nl.