Wepperkes tiisdei 15-1

Wepperkes moandei 14-1
14 januari 2008
Weppers woansdei 16-1
15 januari 2008

Trainen
De trainers Marcel en Hylke litte ús witte dat de trainingen fan SDS 1 en 2 jûn net trochgean. It fjild is te wiet. Sy hoopje tongersdei wol wer traine te kinnen.

Oefenje SDS 1
SDS 1 soe kommende sneon thús oefenje tsjin Leeuwarder Zwaluwen. Dit komt no wat oars. SDS 1 giet no sneon nei Ljouwert ta om te oefenjen tsjin……… Blauw-Wit ’34.

Woansdeitejûn futsaljûn
Moarntejûn om 20.30 yn de sporthal fan Easterein de striid yn de middenmoat tusken Blauw-Wit ’34 en SDS 1.

FC het Gesprek
Foar wa ’t op de tillevysje Het Gesprek net onfange kin hjir noch efkes it gesprek tusken Frits Barend, Ton Boot en Gert-Jan Verbeek fan ôfrûne wykein.